Nijs

     facebook


 

 

 

 

 

 


 

 

 

 


 

 

 Minority safepack

Yn septimber is in hantekenaksje fan it Europeesk boargerinisjatyf ûnder de namme Minority SafePack Initiative (MSPI) fan start gien. Dy aksje hat as doel om foarinoar te krijen dat minderheden en minderheidstalen yn Europa mear omtinken krije en better beskerme wurde. Der binne yn Europa sa’n 50 miljoen minsken yn in grut ferskaat oan lannen dy’t in minderheidstaal prate. Dêr heart Fryslân ek by. Mei-inoar wolle we dat yn de Europeeske Uny net allinnich offisjele talen of dominante kultueren der ta dogge, mar dat ek rekken holden wurdt mei taalminderheden. Dizze hantekenaksje is opset om sa de Europeeske Uny oan te trúnjen om lytse talen lykas it Frysk te stypjen en de rjochten fan taalminderheden yn de EU fuort te sterkjen. Tekenje de petysje op de side.

 

Bûter yn 'e Brij

 Gerard & Grace timmerje noch hieltiid oan 'e wei mei 'it súzjen fan de stilte'. Hjir in nije klip fan it nûmer Jacobsstraat. Se komme ek nei it bûter yn de brij-festival yn Brantgrum op 2 septimber 2018.

 Bestjoersgearkomste

Op 10 juny 2018 is der wer in bestjoersgearkomste. Hjir besprekke wy û.o. de binnenkommen oanfragen.

Oer projektoanfragen dy't earder binnenkomme nimme wy foar de gearkomste faak al in beslút!

 

 

Bondel Tony Feitsma

De bondel prof. dr. A. Feitsma, Wittenskip & Beweging, en it freoneboekje binne noch beskikber! Jo kinne se beide bestelle troch ús in e-mail te stjoeren. De bondel kostet € 25. It freoneboekje € 10. Tegearre kostje se € 25 (ynksl. ferstjoerskosten)

De ynhâldsopjefte fan de bondel is beskikber op dizze side, lyk as de brieven oan Tony.

 
foarkant