aktiviteiten

Neist it stypjen fan projekten dy't it Frysk befoarderje is it fûns ek behearder fan de neilittenskip fan Tony. Sa is der yn 2010 -in jier nei har ferstjerren - in betinking hâlden foar freonen en bekinden.

Op 22 jannewaris 2012 organisseare it Feitsmafûns yn de tsjerke fan Brantgum de presintaasje fan in bondel oer Joast Hiddes Halbertsma mei publikaasjes fan Tony Feitsma. Fan dit barren is in ferslach/fotopresintaasje makke.

It fûns behertiget de neilittenskip fan Tony. Dit betsjut ek it behear fan it persoanlik argyf en de boekekolleksje.  De ôfrûne jierren ha wy der as bestjoer yn 'e mande mei Tresoar hurd oan wurke om de kolleksje goed te plak te krijen. In noch rinnend projekt is de ynventarisaasje fan it persoanlik argyf fan Tony.  

It idee is ûntstien om in biografy fan Tony Feitsma te meitsjen. Dizze biografy is der noch net. Wol is der in beheinder projekt opstart. Op 30 augustus 2016 it earste eksimplaar fan de bondel útrikke