ANBI

It Feitsmafûns is in ANBI (Algemeen Nut Beogende Instelling).  In ANBI is in "algemeen nut beogende instelling". In ynstelling kin allinnich in ANBI wêze, at dy har foar op syn minst 90% ynset foar it algemien nut. Sûnt 2008 kin in binnen- of bûtenlânske organisaasje troch de Nederlânske Steat as 'ANBI' oanmerke wurde. Dit hat bepaalde fiskale foardielen foar dy organisaasjes sels, mar ek foar de Nederlânske belestingbeteller dy't in gift (bygelyks in skinking) docht oan dy organisaasje. De ANBI is ferplichte om ynsjuch te jaan yn har belied en finânsjes. Op dizze pagina fine jo dit oersjuch.

Algemiene gegevens
Offisjele namme: Stichting Stifting Fuuns Fwar It Frysk,
KfK-nûmer: 41003062
RSIN/Fiskaal nûmer: 815798386
Statutêr adres: Grote Dijlakker 30  Bolsward

De ropnamme dy't wy brûke is 'Feitsmafûns'.
De kontaktgegevens fine jo ûnder 'kontakt'.

Doel en aktiviteiten
It doel fan de stifting is it befoarderjen fan it mûnling en skriftlik gebrûk fan it Frysk. Dit doel wolle wy berikke troch it jaan fan stipe oan aktiviteiten dy't in bydrage leverje kinne oan:
1.It befoarderjen fan in goede Fryske stavering.
2.It fersterkjen fan de ynfrastruktuer fan it Frysk, foar safier oare ynstellings as organisaasjes dêr net op in befredigjende wize yn fersjogge.
3.It ferskinen fan wittenskiplike en literêre publikaasjes yn it Frysk dy't oars net sa maklik in kâns krije.
4.It op oare wize befoarderjen fan it doel fan de stifting.

Neist it stypjen fan projekten dy't it Frysk befoarderje is it fûns ek behearder fan de neilittenskip fan Tony en organisearret út en troch aktiviteiten om har persoan en wurk te betinken.

- In oersjuch fan yntsjinne projekten en motivearring fan de beslûten dêroer fine jo ûnder it ûnderdiel ea stipe projekten. Dit oersjuch wurdt yn elts gefal yn kear yn it jier bywurke.
- Mear ynformaasje oer it belied fan de stifting is te finen yn it beliedsplan.

Organisaasje/bestjoerders
It bestjoer fan de stifting bestiet yn elts gefal út in foarsitter, skriuwer en in ponghâlder en wurdt dêrneist oanfolle mei in oantal algemiene leden. It fûns hat gjin persoanen yn leantsjinst.
In aktueel oersjuch fan de bestjoersleden fine jo op dizze side.

Finânsjes en beleaningsbelied
De bestjoersleden wurde net betelle út de kas fan de Stifting, mar krije in ûnkostefergoeding dy’t ienkear yn it jier troch it bestjoer fêststeld en útkeard wurdt. De ûnkostefergoeding is bûn oan in fantefoaren fêststeld maksimum en mei net boppe de feitlik makke kosten útgean.

Bestjoersleden kinne ûnkostefergoeding krije foar (auto)kosten (neffens de lanlike kilometerpriis) en foar oare kosten dy’t se makke ha foar de Stifting, op basis fan in ynfolle ûnkosteformulier en skriftlike (betel)bewizen. Se kinne ek ôfsjen fan de fergoeding fan kosten en dy omsette yn in skinking oan de Stifting.
Fierder wurde allinnich needsaaklike kosten makke, lykas foar de Keamer fan Keaphannel, administraasje, banken, webside, publisiteit, útjeften foar oan projekten ferbûne kosten.

It jierferslach oer 2016 is fêststelt yn jannewaris 2017. It jierferslach (oer 2015) is fêststeld yn febrewaris 2016. It jierferslach 2014 is fêststeld yn febrewaris 2015. De jierferslaggen fan de jierren dêrfoar fine jo hjir.