Bûter yn 'e brij

Op 22 jannewaris 2012 gong in dream fan ús as bestjoer fan it Feitsmafûns yn ferfolling. Nei de begraffenis fan Tony Feitsma op it hôf te Brangum waard it idee berne om yn dizze sfearfolle tsjerke in meisjongkonsert te organisearjen ta har neitins. Mei de muzyk dêr’t sy fan hâlde; Fryske lieten dus, en de neidruk op Gysbert Japix.

 

Doe’t de bondel mei artikels fan har hân oer Joast Hiddes Halbertsma klear wie en de útjouwer kontakt mei ús socht om in gaadlike gelegenheid om dy oan te bieden, ûntstie it idee om dat te kombinearjen mei sa’n konsert. Foar it muzikale part hiene wy Hindrik van der Meer en Oane Reitsma frege om meiwurking. De fierdere praktyske organisaasje wie yn hannen fan Arjen Dykstra.

Hindrik vd Meer        Oane Reitsma         

En sneon 21 jannewaris wie it sa fier. Om tsien oere hinne kaam it iene nei it oare lid fan it gelegenheidskoar ‘De Feitsmasjongers’ de tsjerke fan Brantgum ynsetten. Bûten wie it hjerstich, griis en kâld, mar binnendoar skynden de lampen en wie de kachel stookt. 

                                  


Oane Reitsma en Hindrik van der Meer hiene al hiel wat foarwurk dien. Earst al it program gearstâld en in koar en orkest gearswile; allegearre minsken dy’t har spontaan en entousiast ynsette woene foar dit barren, ek al hiene party fan harren Tony Feitsma net iens kend.

         

Oane hie ek al twa kear in jûn yn Holwerd rippetearre mei in part fan it koar, en no soene we dan yn ien dei klearstoomd wurde om de oare deis in foech konsertsje te jaan foar publyk. Moarns rippetysje mei it koar, en de middeis kamen ek de orkestleden derby. Allergelokst tige professioniele en fleksibele musikanten, want der moast fansels hiel wat ymprovisearre wurde. Al mei al wie it in prachtige en tige ynspirearjende dei; wat dat oangiet koe dit ynisjatyf al net mear stikken.
Mar it hichtepunt moast noch komme. De oare deis rekke de tsjerke boppe ferwachting fol en om twa oere begong it program.

 

Nei in wurd fan wolkom troch Ireenke Meekma, foarsitster fan it Feitsmafûns, sette Oane Reitsma achter it oargel al drekt de toan mei in skitterjend foarspul op ‘Wolkom freugde fan 'e wrâld’, wêrnei’t we dat mei dy hiele tsjerke fol minsken songen. Dêrnei song it koar twa lieten en doe wie it wurd oan Jan Noardegraaf dy't – tige tapaslik, fan 'e preekstoel ôf  - fertelde oer de bondel Tussen Hemsterhuis en Grimm, Joast Hiddes Halbertsma als taalkundige, dêr’t in tal publikaasjes fan prof. dr. A. Feitsma yn sammele binne. It Feitsmafûns is ien fan de stipers fan dizze bondel. Noordegraaf oerhannige it earste eksimplaar oan Jaap Rinzema, it âldste bestjoerslid fan it fûns.

               

Doe kamen der wer trije lieten fan Gysbert Japicx; ‘Jetske’, it bekende ‘Wobbelke’, en ta beslút fan dit blokje de ‘Jûnbea’ – in liet dat yn dizze kontekst in bysûndere lading krige omdat de earste rigel as tekst op de grêfstien fan Tony Feitsma stiet. It waard dan ek mei ynmoed dirigearre en songen. 

     

‘Strider foar it Frysk, wapene mei kennis’, de tekst dy’t fierder as typearring op de grêfstien stiet, wie it motto foar it ferhaal dat Pyt Jon Sikkema fertelde oer it it striidbere libben fan Tony Feitsma en hoe’t en mei wa't hja dy striid foar it Frysk fierd hat. Op de eftergrûn wienen kostelike karikatuurtekeningen te sjen fan freonen, kollega’s, studinten en meistriders fan Tony. Tema's yn syn ferhaal wiene de staveringskwestje, it  romrofte tiidskrift Fryx en ek demokratisearring: it opskodzjen fan de âlde betroude kaders fan de wrâld fan bewegers en Frisisten om romte te skeppen foar nije inisjativen.

     

Hichtepunt fan it lêste part fan it konsert dat folge, wie de ‘Mûzeboask’, mei in pear moaie solisterollen. En it publyk krige ek noch gelegenheid om mei te sjongen mei in pear bekende lieten, mei as útsetter it ‘Heitelân’. Doe wie it tiid om nei bûten en it fjildboeket op it grêf te lizzen. 

                                 

Yn it doarpshûs ‘Terpring’ waarden wy ferwolkomme mei in beerenboarchje foar elk dy’t toaste woe op dit moaie barren  en op de neitins fan Tony Feitsma.
Doe’t hja, in goed wike foar har ferstjerren, fan har dûmny te hearren krige dat it him slagge wie om in grêf foar har te regeljen op it hôf yn Brantgum, wie har ûnferjitlike reaksje: 'No, dat is in stik bûter yn 'e brij.'    Oan dy wurden moast ik geregeldwei tinke, dizze middei!

Jantsje Post