De boeken te plak

De boeken te plak. Hoe is dat gien?

Om de boeken te plak te krijen binne in oantal stappen ûndernaam. Allerearst ha wy in stik as wat petearen hân mei Tresoar om dêr de kolleksje ûnder te bringen. Dat hat der ta laat dat wy alle boeken en it persoanlik argyf fan Tony oerbrocht ha fan Grou nei Tresoar.  Mar doe begûn krekt it wurk...

Alle boeken binne ynventarisearre en oardere troch Sybren Sybrandy. It die bliken dat in oantal fan de titels al beskikber wie by Tresoar. De wurken oer scandinavistyk binne dêrom skonken oan de universiteit fan Grins en in protte oer frysistyk en taalwittenskip oan dy fan Leien. En dan wie der noch in lytse kolleksje oer de mennisten, dy is nei de mennistegemeente fan Ljouwert gongen, dy't in bibleteek ha dy't foar publyk tagonklik is.  Sa is de kolleksje dus foar in grut part te plak kommen op sa'n wize dat de boeken noch brûkt wurde kinne. Dat wie ús doel; dat wie yn de geest fan Tony Feitsma.

 Der wie lykwols noch in aardich tal boeken oer, dy’t yn de neamde ynstellings al beskikber wienen. De dûbele titels binne te keap oanbean op de boekemerk fan Tresoar op 27 oktober 2012. Neist de boekemerk wie der ek in boekefeiling. Hjir binne ek in oantal boeken fan Tony ûnder de hammer kommen. (Yn de  katalogus giet it om kavel 200 o/m 250).

               Boekemerk 1      Boekemerk 2       Boekemerk 3      Boekemerk 4

In soad boeken binne op 27 oktober sa dochs noch goed teplak kommen. De opbringst fan boekemerk en feiling kin it Feitsmafûns wer brûke foar it stypjen fan projekten!