De Kening fan Katoaren

Presintaasje 4 oersettingen yn De Fermanje,
Warkum op 17 septimber grut súkses


Yn in grôtfolle tsjerke waarden op freedtemiddei 17 septimber 4 nije oersettingen fan klassikers presintearre: Tess fan de D’Urbervilles (Thomas Hardy, oersetter Geart fan der Mear), de roman fan Walewein (Penninc en Vostaert, oersetter Klaas Bruinsma), Striid tusken Froasken en mûzen (pseudo-Homearus, oersetter Klaas Bruinsma) en last but not least Kening fan Katoaren (Jan Terlouw, oersetter Ytsje Steen-Buwalda). Utjefte fan dit lêste boek, al fjirtich jier lyn ferskynd, mar noch altyd populêr, dus tiidleas, dus in bewiisde klassiker, is mei mooglik makke troch stipe fan it Feitsma Fûûns fwar it Frysk. Op dizze middei wie der rom omtinken en belangstelling foar.

It boek is ornearre foar jongerein fan sa’n 12 oant 18, in leeftydsgroep dêr’t net hiel folle gaadlike boeken foar binne. Dat it oanslacht docht wol bliken út it feit dat dit boek selektearre is om op middelbere skoallen opnommen te wurden yn de kolleksje, goed foar in bestelling fan 225 eksimplaren.