Ferhalejûn Rottefalle

Elk jier, yn de tredde wike fan febrewaris, wurdt yn de Herberch fan Smellingerlân te Rottefalle in ferteljûn organisearre. It is in los/fêst jûn wêr soms âlde, soms nije mar altyd nijsgjirrige ferhalen ferteld wurde. Foar in part bart dit troch it organisearjend komitee, mar eins foaral troch it publyk.

It iene ferhaal lokket it oare út en sa wurde fertellers harkers en wurde harkers fertellers. Guon ferhalen binne persoanlik en wier bard. Oare ferhalen binne rûnút út de tomme sûge. De moaiste ferhalen binne dy wêrby it net dúdlik is at se wier bart binne as net. Meastentiids binne dat krekt de ferhalen, wêrby de ferteller foarôf neamd dat it om in wierbarde skiednis giet, mar wêrby it publyk oan’e reade holle fan de ferteller al sjen kin, dat it allegearre by elkoar liigd is. Guon ferhalen binne hilarysk of anekdoatisk, oare binne júst wer emosjoneel of drage in boadskip yn har.

Dit jier wie it foar de fiifentweintichste kear dat de ferteljûn plak fûn. Dit wie in goede oanlieding om in boekje út te jaan. Hjiryn steane de meast boeiende fan dizze fertelde ferhalen.

Dit jier wienen der op de ferteljûn in lytse hûndert minsken oanwêzich. Dizze jûn waard it earste eksimplaar fan dit boek oanbean oan de dochter fan Hans Visser. Hans Visser wie de geastlik heit en oprjochter fan de ferteljûn.

Alle oanwêzigen krigen it boek útrikke en it boek is yn de wike dernei ûnder alle húshâldens yn Rottefalle ferspraat. Dat it boek fergees ferspraat wurde koe, is te tankjen oan de stipe fan in oantal stiftingen wêrûnder it Feitsma Fûns.

 

Muontsegroppe