Freoneboekje

Ferskate minsken hawwe in brief oan Tony Feitsma stjoerd. Dy steane allegear yn it boekje beweger en wittenskipper, brieven oan tony feitsma. Net alle tekst hat it boekje helle. De folsleine teksten per briefskriuwer (yn'e rûge ferzje, sûnder yllistruaasjes) fine jo, troch op de namme fan de persoan te klikken.


Foaropwurd


1 Irénke Meekma (1961, Zaandam) studearre fan 1980 oant 1987 pedagogyk oan 'e VU. Se learde yn dy tiid Frysk skriuwen fan Tony Feitsma en wie in grut part fan dy jierren studint-assistent by har. Wurket sûnt 2000 yn 'e griente. Is Feitsmafûns-bestjoerslid fan it earste oere.


2 Arjen Dykstra (1974, Dokkum) wurket by it Ministearje fan Ekonomyske Saken (f/h lânbou). As hobby is hy in soad dwaande mei ûndersyk nei femyljes en Noardeastfryslân. Troch syn belutsenens by jongereinferiening FYK is er yn it bestjoer fan it Feitsmafûns kaam as skriuwer en webmaster.


3 Goasse Doekeles Brouwer (1955, St.-Jabik) wie de man achter, tusken en foar Frysk en Frij. It blêd wie breed, ynformatyf, kritysk, polemysk en foaral frij. Utjouwer en útfierder fan ferskate projekten om it Frysk te stimulearjen.


4 Redbad Veenbaas (1948, Weidum) studearre sosjology oan ’e Vrije Universiteit mei in byfak Frysk by Tony Feitsma. Hy is dosint en ûndersiker oan ’e VU op it mêd fan jeugdstúdzjes. Hy makket ek diel út fan it bestjoer fan it Feitsmafûns.


5a Alfredo van Walbeeck de Saint-Malo (1940, Bogota, Colombia) studearre filosofy oan de Vrije Universiteit Amsterdam. Tony Feitsma ynspirearre him om Frysk te learen en holp him ek mei de útspraak fan syn Deensk.


5b Reinaldo van Walbeeck de Saint-Malo (1942, Bogota, Colombia) studearre rjochtswittenskip oan de Nasjonale Universiteit fan Bogota en politikology en rjochten oan de Vrije Universiteit Amsterdam. Hy en syn broer hiene geregeld petearen mei Tony Feitsma, dy’t har belangstelling foar it Frysk op priis stelde en stimulearre mei adfizen oer learboeken en literatuer.

 

6 Martha Hofman (1956, Kollumersweach) studearre Nederlânsk (kandidaats) en Algemiene Taalwittenskip (doktoraal), en dêrnei Frysk (doktoraal) by Henk Meijering en Tony Feitsma. Hat yn Praag wenne, studearre (Kompjûterlinguistyk) en wurke en is no selsstannich auteur, redakteur, ûnder oare wurdboeken Nederlânsk en Frysk foar Unieboek | Het Spectrum, en oersetster Tsjechysk-Nederlânsk.


7 Lolke Folkertsma (1952, Koudum) studearre politikology mei bijfak Frysk oan de VU tusken 1970 en 1978. Hij wurket sûnt 1980 bij de provinsje Oerisel, de lêste acht jier as provinsjaal argyfynspekteur en provinsjeargivaris.

 

8 Els van der Geest (1957, Den Haag) studearre Nederlânsk oan ’e VU, mei as byfak Frysk. Wurke begjin jierren 80 as studint-assistent en projektmeiwurker by Tony. Sûnt 1997 dosint Nederlânsk op in middelbere skoalle yn Alphen aan den Rijn. Ien fan de gearstallers fan de bondel artikels fan Tony, ‘Tusken Hemsterhuis en Grimm’, dy’t yn 2012 ferskynd is.


9 Douwe v/d Meulen (1953, Suwâld) studearre biology en Frysk oan de VU en wurke jierrenlang as studint-assistint en administratyf meiwurker foar de stúdzjerjochting Frysk. Hy siet yn it bestjoer fan de Ynteruniversitaire Stúdzjeried Frysk en wie ûndertiteler foar Omrop Fryslân. De lêste tweintich jier hâldt er him dwaande mei etymology.


10 Philippus Breuker (1939, Skingen) learde Tony Feitsma persoanlik kennen yn 1970, doe’t er foarsitter fan it Literêr-histoarysk wurkferbân fan de Fryske Akademy en bestjoerslid fan it FLMD wie, net daliks rûnten dêr’t sy doe goed mei koe. Hy promovearre by har op Gysbert Japicx (1989).


11 Trinus Riemersma (1938, Ferwert -†2011, Ljouwert) kaam mei Tony yn ’e kunde yn ’e  sânticher jierren, yn syn funksje as siktaris fan de Koperative Utjowerij. Letter moeten se inoar by ferskillende klubs, en noch wer folle letter, yn 1984 promovearre er en wie Tony syn promotor. Dernei waard er dosint by deselde fakgroep Frysk, oan de VU, oant de fakulteit yn 1992 opdoekt waard.


12 Klaas Bruinsma (1931, Easterein) seit: Ik ha Tony Feitsma altyd heechachte om har erudysje, kennis fan talen (Frânsk en Deensk) taalkunde, ensafh. Dat hat har der lykwols net foar behoede om de healwizens fan Trinus Riemersma te folgjen yn syn ‘fonetyske’ stavering. Wêr’t ik har bliuwend foar heechachtsje en romje is har ûnbidich skreppen foar it Frysk en Fryslân mei in foarbyldige trou yn al har skreppen. Dêrfoar fertsjinnet dizze frou fan karakter in stânbyld en yn elts gefal earbied.


13 Jantsje Post (1963, Seisbierrum) studearre fan 1984 oant 1994 Dútsk en Oersetwittenskip oan de UvA en rûn ek kolleezje by Tony Feitsma. Wurket sûnt 1995 as free lance oersetster út it Dútsk en Ingels en yn en út it Frysk. Sit al in jiermannich yn it bestjoer fan it Feitsmafûns.


14 Jant van der Weg-Laverman (1939, Ljouwert) gie yn 2000 nei in tweintichtal jierren as leksikograaf by de Fryske Akademy mei pinsjoen. Rekke ein 50-er jierren fan de 20ste ieu yn ’e  kunde mei Tony Feitsma en wie twa semesters (1992, 1993) dosint by (Tony har) fakgroep Frysk fan de VU. Se hold en hâldt har yntinsyf dwaande  mei berneliteratuer.


15 Michiel Muller (1952, Ritthem) studearre û.o. Frysk oan de NHL. Hy wennet op Flylân dêr't er yn it fuortset ûnderwiis wurke hat. Fan 1981oant 1991 siet er yn ’e redaksje fan Tony Feitsma har tydskrift FRYX, sân jier as redaksjeskriuwer.

 

16 Sybren Sybrandy (1942, Snits) studearre fan 1960 oant 1967 oan de VU klassike talen en Frysk. Wurke dêrnei earst by de Provinsiale en Buma-bibleteek te Ljouwert en sûnt 1973 oant syn pensioen by de UB yn Grins. Op de dei fan syn doktoraal eksamen belle Tony Feitsma him om him te freegjen foar de redaksje fan De Stiennen Man. Dat wie it begjin.


17 Pyt-Jon Sikkema (1947)  ik soe net meidwaan, dochs? wêróm don ’n byofraag? o, hût ik tony koe! no, tró gewoan: vu, r.u.g. en de semylingwistyske fryskebewegingsboel. en os pesoan.


18 Bertus Mulder (1949, Hearrenfean) studearre fan 1966 oant 1972 arbeidssosjology yn Grins, makke Tony Feitsma mei as foarsitter fan it taalsosjologysk wurkferbân fan de Fryske Akademy, en wie deputearre fan kultuer fan de provinsje Fryslân tusken 1995 en 2007.


19 Tom Johnston (1962, Tacoma) studearre fan 1987 oant 1991 Frysk oan ’e VU dêr’t er Tony Feitsma as dosint hie foar û.o. Midfrysk. Yn 1998 is er promovearre yn de Aldfryske filology. Sûnt dy tiid wurket er als freelance oersetter en redakteur Ingelsk en fersoarget er skriuwtrainingen oan bedriuwen en (wittenskiplike) organisaasjes. Fan septimber 2015 ôf jout er ek les by it Instituut voor Tolken en Vertalers yn Utert.


20 Henk D. Meijering (1936, Doesburg) studearre Dútsk mei Aldfrysk as ien fan syn byfakken yn Utert en promovearre yn 1974 oan ’e VU. Fan 1960 oant 1968 wie er learaar Dútsk yn Dokkum. Fan 1968 oant 1998 wurke er oan ’e VU, yn earsten as dosint, en nei 1976 as (bûtengewoan) heechlearaar Aldfrysk (nei 1984 ek Dútsk) – al die jierren yn hechte gearwurking mei Tony Feitsma. Op it stuit is er as gastûndersiker ferbûn oan ’e Fryske Akademy. Syn ûndersyk is dêrby rjochte op de 15de- en 16de-ieuske Nedersaksyske oersettingen fan de Aldfryske wetten yn Grinslân.

 

21 Alex Riemersma (Harns, 1953), stúdzje Nederlânsk en Frysk (RUG), fan 1978 ôf dosint Pabo’s en NHL, teffens taalplanolooch by de provinsje Fryslân. Promoasje (Tilburch 1994), sûnt 2012 lektor Frysk en Meartaligens oan Stenden en NHL. Relaasje mei Tony Feitsma troch YSF en as kollega oan de VU (1985-1991).


22a Johannes van der Meer (1952, De Rottefalle) studearre teology yn Berlyn en Jerusalim en oan de UvA en it Doopsgezind Seminarium en kaam sa yn de kunde mei Tony Feitsma. Oant maart 2015 wie er menniste gemeentepredikant en hy jout no kursussen op it mêd fan Judaïka en Talmoedika.


22b Tine Betlehem (1938, Aldeboarn) studearre (l958-l961) jeugdopleiding creatieve therapie ‘Middelloo’, te Amersfoort; ferfolchstúdzjes û.m. oan ’e HKU, dosint skriuwen (poëzij en proaza) te Utert. Is dosint en dichter. Trof Tony by de Minniste Gemeente te Grou; b.g. by de stúdzjegroep fan ds. Van der Meer.


22c Rinny Kooiker (1929, Grou) is as minnistesuster en as ‘plattelânsfrou’ lange jierren aktyf as tsjerkerieslid en bestjoerslid. Moete Tony ûndermear yn ’e stúdzjegroep fan ds. Johannes van der Meer en by de kofje sneins nei de tsjinst. Wie de lêste libbensjierren belutsen by soarch en help, thús en yn it sikehûs, en sadwaande in grutte stipe foar Tony.


23 Durkje Plantinga (Sint Anne, 1947) studearre Frânsk en wurke yn it ûnderwiis. Kaam yn ’e kunde mei Tony yn 1990 troch in sit yn de advyskommisje fan de Obe Postmapriis. Sit al in tal jierren yn it bestjoer fan it Feitsma Fûns en kaam yn Tony’s lêste jier gauris yn Grou, foar ferskate saken.


24 Liuwe Westra (1966), klassikus, téolooch, domeny, ûndersiker en oersetter. Yn ’e Fryske Beweging bin ik aktyf sûnt myn studintetiid by Bernlef, en sa moast ik ier of let Tony Feitsma fansels in kear moetsje. Yn myn jierren by de Ried koe ik net folle goed dwaan, en ik bin hiel bliid dat wy yn lettere kontakten ek noch in protte lake hawwe.