Friesch Dagblad

Wittenskipper Tony Feitsma út Grou ferstoar ôfrûne snein yn ‘e âldens fan 81 jier. Frysk skriuwer en âld-studint Trinus Riemersma wurke faak mei har gear.

 

By de dea fan Tony Feitsma
In rasjoneel minske mei nuvere gritsen

Ik sil fiifentwintich west hat doe't ik Tony kennen learde en sy fiifentritich. Ik sei doe noch fan ‘juffer Feitsma'. It wie wenst om ûngetroude froulju ‘juffer' te neamen, al kaam dêr wol wat feroaring yn. As modern en froufreonlik minske haw ik it bestien om yn 'e funksje fan siktaris fan de Koperative Utjowerij Tony yn in ferslach oan te tsjutten as ‘frou Feitsma'. It omsittend laach gnyskje en Tony liet witte dat se ‘hjir no net sa wiis mei wie'. Stik!
Letter waard it ‘do' en ‘Tony'. Dat is fan my útgien. Ik haw har op in jûn skille en frege oft ik by har komme koe. Se wenne doe yn Bûtenpost en ik moat dêr mei bus en trein hinne reizge wêze. Ik lei yn in skieding en wist net wêr't ik it sykje moast. Mar dan Tony! Ja, dat haw ik my sa faak ôffrege, wêrom krekt nei Tony dy't fan ferkearing en trouwen út eigen ûnderfinen likefolle wist as in hûn fan it evangeelje? It iennige antwurd dat ik betinke kin, is dat ik Tony koe as in uterst rasjoneel en folslein betrouber minske. Doe haw ik ‘do' sein en dat hat se akseptearre.
Letter hawwe wy inoar moete yn ferskillende klubs, de Koperative Utjowerij, de Feriening foar in Nije Stavering (of sokssawat) en noch it ien en oar dat stil libbe hat en stil stoarn is, en opdûkt doe't gjinien der noch heugenis oan hie. Wat ha wy beweegd!

Doe't ik studearre yn Amsterdam waard it kontakt yntinsiver, benammen doe't ik myn promoasjestúdzje die. En doe botste it bytiden knap want ik skreau ûnder oaren oer boereromans en Tony wie in boeredochter en ik in arbeiderssoan en wy hienen tige útienrinnende wurdearringen. It ferfelende dêrby wie, ik hie gelyk, mar Tony woe altyd gelyk ha. Letter haw ik yn in ynterview sein dat sa'n dissertaasje eigentlik it produkt wie fan ‘toulûken om in tekst'. Dat moat se my tige kwea nommen hawwe. Want sy hie fansels gelyk en ik woe myn sin ha, yn har fyzje.
Dy hele stúdzje yn Amsterdam, dat wie ha idee. Se wie fan miening dat der einlings ris in dosint Fryske literatuer komme moast dy't de universiteiten bereizgje en dêr les jaan koe. Dat is him net wurden, mar gelokkich sit der no in literatuerman yn Grins en dat hat Tony noch meimakke. Mar dat woe 'k sein hawwe, Tony hat my ûntsettend pushed.

Yn dy promoasjetiid learde ik dat Tony troch al har rasjonaliteit hinne bytiden tige emosjoneel wurde koe op it ûnbrûksume ôf. Wy hawwe as stêf-Frysk oan de VU ris in boekje skriuwe sillen oer it Frysk en Tony soe it kontakt mei de útjouwer fersoargje. Mar dat liet se sloere en as der yn in stêfgearkomst nei de foarderingen frege waard, dan wie se wrantelich en dwars. Ik ha doe tocht dat se in emosjonele blokkade hie en dat dy blokkearring noch slimmer waard as wy har oantrúnden om faasje te meitsjen.

Letter haw ik dat nochris meimakke. Wy wienen doe al fan de VU ôfskopt, mar ik hie in projekt klear dêr't sy har segen oer jaan moast. It gyng om it twadde boek oer de KFFB dat ik mei in mannich studinten gearstald hie. Ik haw har de tekst brocht en út en troch ris frege wat har oardeel wie. ‘Ja-ja-ja, dêr moat ik noch oer gear'. Ik bin opholden fan seuren, want ik wie bang dat se oars helendal blokkearje soe.

Ik haw de tekst dus noait werom krigen en likemin in oardeel. Dick Eisma hat my yndertiid gauris moanne: publisearje dat boek no, en oars wolle wy it wol dwaan. Mar ik miende dat ik dat net bûten Tony om dwaan koe, want it boek wie ûnder har formele supervisy ta stân kommen. It is dus nea ferskynd en it sil grif net mear ferskine.
Nuver, mar ja, it makket in minske wol hantearberder as er wat gekke gritsen ha. Folmakke minsken binne net út te stean en grif net nijsgjirrich.

Ferline jier is se tachtich wurden. No, tachtich is prachtich. En, sa't ús heit altyd sei as er nei it iten in kertierke mei de holle op 'e bibel slûge hie: Wij hebben hier geen blijvende stede. Dan wie it healwei tolven en moast er wer nei de boer ta.

© Tr. Riemersma