Fronika de Flie

GROU - 'Fronika de flie' is it earste teken- en printeboek fan byldzjend keunstner Vera Damhuis út Grou. Dizze útjefte is sneon 29 novimber yn B&B De Thuiskamer presintearre. Vera joech om 14.00 oere in presintaasje en oerhandige dêrnei it earste eksimplaar oan de foarsitter fan it Feitsmafûns, Irénke Meekma. It Feitsmafûns stipe de útjefte, wêr fan de earste druk yn it Frysk is.


'Fronika de flie' is in aventoer oer de flie Fronika, dy't har tekenwurk graach oan har freonen kwytrekket. Lêzerkes fan 4 oantmei 8 jier kinne sels meitekenje en skriuwe yn dit boek fol grapkes en nijsjirrige fynsten.

Mear ynformaasje is te finen op de webside fan Vera Damhuis.