In Memoriam

Filmportret Tony Feitsma (fan Tresoar, makke troch Tsjisse Hettema)

 

It wie in stille snein, wat tsjuster en wat wiet;

Fan 't beamte, yn hjerstgiel blêd, foel sêft de rein oer 't paad.

Wer thús by smoute hurd seach 'k út nei grize loft;

It wetter song, en harkjend waard 'k nei Fryslân laat.

Obe Postma

Op 9 augustus 2009 is Tony Feitsma stoarn yn de soarchynstelling Borniaherne te Ljouwert.   'Nei in warber libben dat yn it teken stie fan Fryslân en it Frysk en nei in dreech lêste jier' - sa't de famylje op de roubrief skreau, nei boppesteande strofe fan Obe Postma.

Tony Feitsma is op 14 autustus, nei in tsjinst yn de fermanje fan de mennistegemeente dêr't hja lid fan wie, te Grou, te hôf brocht yn Brantgum.

 Tidens de tsjinst ha ferskillende minsken it wurd fierd. Harren teksten binne hjir te lêzen:

- Piet Jellema, muoikesizzer, út namme fan de famylje 

- Henk Meijering, âld-kollega oan de VU

- Irénke Meekma, âld-studinte en bestjoerslid fan it Fûûns fwar it Frysk

- Johannes van der Meer, dûmny fan de menniste gemeente Mid-Fryslân