Friesch Dagblad

Fryslân lit jubilaris net los


TONY FEITSMA RJOCHTET NIJ FÛNS OP OM FRYSK TE STYPJEN
Tony Feitsma waard 18 jannewaris tachtich jier. De wittenskipper hat tal
fan publikaasjes op har namme stean, tagelyk hat se har hiele libben aktyf
west yn it Frysk kulturele libben en keas dúdlik stelling. Fryslân giet
har oan it hert. By har jierdei waard in nij fûns presintearre om nije
Frysk-kulturele inisjativen te stypjen.

Troch Gerbrich van der Meer.

It is stil as ik by de foardoar fan Tony Feitsma stean. In grut
ljochtskerm slút it keamersrút ôf, in gerdyn is foar it rút neist de
foardoar skood. As ik oanbelle haw, wachtsje ik rêstich ôf. Dan wurdt it
gerdyn fan siden skood en de doar iepene. ,,Goh'', seit Tony Feitsma, ,,Ik
wie it hielendal fergetten datst komme soest, mar kom fierder. Ik bin
altyd thús.'' Mei har rollator giet se my foar nei de keamer. Benijd sjoch
ik om my hinne. Yn dizze húskeamer meitsje boeken de tsjinst út. Boeken yn
boekekasten, steapels boeken op stuollen, boeken yn kartonnen doazen,
boeken op tafels mei dêrboppe allegearre kranteknipsels. Foar yn de
húskeamer stiet in opmakke bêd, efteryn in grutte reade stoel, mei
dêrneist in âld buro dêr't in hippe Apple-kompjûter op stiet. ,,Gean dêr
mar sitten'', seit se, wylst se my de swart learene stoel wiist. Sels lit
se har glide yn de readfloersen stoel. As in grande dame sit se dêr tusken
har boeken: de wittenskipper dy't jierrenlang bûtengewoan heechlearaar wie
oan de VU yn Amsterdam; de wittenskipper foar wa't studearje en
publisearje deistich brea wie en eins noch is. ,,Nee'', laket se, ,,kinst
yndied wol sizze dat dit net in trochsneed húskeamer is fan in tachtiger.
No't it buro, de kompjûter en it bêd ûnder stean, is it allegear ek wer in
stik krapper wurden.'' Dat hat alles te krijen mei de beroerte dy't se in
pear jier lyn krige. ,,Ik hie boppe ek in hiel steal boeken stean. Nei myn
krupsje moast it hiele saakje byinoar helle wurde en nei ûnderen brocht.''
Har geast is noch sterk, ,,hoewol't ik wol folle mear ferjit of fergetten
bin.'' It lichem wol lykwols net mear goed; se moat har rêde mei de
rollator. ,,Dêrom lit ik it ljochtskerm mar sitte salang't it sinneskyn
waar is. Oars moat ik wer hielendal bûtenom.'' Ekstra help kriget se fan
de thússoarch. It hûs komt se amper mear út.

Al dy boeken om har hinne passe har oars wol. ,,Nei de opkomst fan de
kompjûter binne hiel wat fan dizze boeken folle minder wurdich wurden, mar
ik fyn it lêzen fan boeken no ien kear moaier as it lêzen út de kompjûter
wei.'' Boppe stiet ek noch in keamer fol boeken. ,,Ja, dêr kom ik noch
wol'', seit se. ,,Ik haw in treplift. Dy is hiel handich as ik nochris in
boek yn sjen wol.'' En der sit ek seker systeem yn al dy boeken dy't
ferspraat stean en lizze yn de húskeamer. ,,Hjir kin ik alles wol fine.
Boppe wurdt dat wat minder. Mar ik kin se noch wol fine as it nipt'' - se
laket - ,,oars fyn ik se per ûngelok wol wer werom.''

 

Plusseleksje

Tony Feitsma waard berne as Anthonia Feitsma op 18 jannewaris 1928 op in
pleats yn Brantgum. Dêr groeide se op mei har twa âldere broers Feije en
Jaap. Se wie fjouwer doe't de famylje ferfear nei Noard-Hollân, nei
Middenmeer yn de Wieringemar. Har heit dy't earst in mingd bedriuw hân
hie, gie oer op de bou. Earst as setboer, letter wie er eigen baas op in
mânske boupleats. De fiertaal thús wie Frysk. ,,Dat spruts fansels'', seit
se. Ek Fryslân bleau har hiem. Yn de fakânsjes wie se faak te finen by har
famylje yn de Wâlden. Nei it gymnasium yn Alkmaar, dêr't se yn de
oarlochsjierren in kostadres hie, slagge se nei Amsterdam. Dêr studearre
se Frysk, Deensk en Frânsk oan de UvA. ,,Myn earste ynteresse wie it
Frysk'', fertelt se. Deensk en Frânsk wiene stúdzjes dy't derby
kamen. ,,Je moatte ommers ek wat dingen dwaan dy't wat tichterby it
kostfertsjinjen sitte.'' Wêrom har hert by de stúdzje Frysk lei? ,,No'',
seit se beret, ,,dat wie sa. It hie gewoan myn ynteresse. Jo moatte net
ferjitte dat minsken dy't Frysk studearje in plusseleksje is. In soad brea
sit der ommers net yn, se dogge it omdat se der séls belang by hawwe.'' Se
hie sels ek noait tocht dat se der

yn de santiger en tachtiger jierren as heechlearaar de kost mei fertsjinje
soe. De Fryske kultuer wie der thús mei de brijleppel yngetten. ,,Wy wiene
op ús manier wat Frysksinnich'', fertelt se. Us heit en mem wiene lid fan
it Bûtenbûn, it bûn fan Friezen om utens. Us mem die ek mei oan de
boekeferkeap fan it bûn. Sadwaande leine der altyd in soad Fryske boeken
thús. Dan gie ik faak efkes op souder sitten om sa'n boek te lêzen.'' Nei
har stúdzjes gie Feitsma earst op 'e ryks-hbs yn Harns oan 'e slach as
learares Frânsk. Fiif jier letter krige se in oanstelling as wittenskiplik
meiwurker oan it Frysk Ynstitút, dat ûnder lieding stie fan Jelle Brouwer,
letter Wybren Jan Buma.

 

Jiddyjefte

Nei it ferstjerren fan professor Klaas Fokkema, heechlearaar Frysk oan de
Vrije Universiteit, waard Feitsma yn 1968 wittenskiplik haadmeiwurkster
oan de VU, tagelyk mei Hendrik Meijering. Tony Feitsma lei har ta op de
Nij- en Middel-Fryske taal- en letterkunde. Germanist Meiering op it
Aldfrysk, Goatysk en Aldsaksysk. Seis jier letter promovearren beide
meiwurkers cum laude oan de VU en waarden bûtengewoan heechlearaar.
Bûtengewoan? ,,Och dat is neat bysûnders, hear. Ik wie gewoan heechlearaar
yn dieltiid. Dêr sjocht men no net mear oars fan op.

Mar dat wie doe wol oars.'' Tony Feitsma hat mannich publikaasjes op har
namme stean. Se bestudearre it midfrysk fan Gysbert Japix, se skreau yn
wittenskipsblêden oer de sosjale skiednis fan it Frysk, oer syn
taalskiednis, oer de frisistyk, mar ek oer taalkundige fraachstikken. Oft
der in reade tried te finen is yn al har publikaasjes? ,,Earlik sein, bin
ik dêr ek wol benijd nei. Mar dy kinst allinnich mar fine ast alles op in
rychje setst. Op dit stuit bin ik al myn publikaasjes oan it sammeljen.
Doe't ik fyftich waard hawwe studinten en kollegae fan my in bibliografy
mei skriften fan my útjûn. Jiddyjefte hiet it.

Dêr steane net allinnich myn publikaasjes yn, mar ek ynstjoerde stikken,
kranteartikels. Ik bin no sels dwaande om myn publikaasjes te selektearjen
op wittenskiplike wearde. Publisearre artikels yn De Stiennen Man lit ik
bygelyks sitte.''

 

Fonologyske stavering

In reade tried hat se noch net fûn. Se pakt de rollator en rint nei in
grutte doaze ta. ,,Sjoch, dit binne allerhande publikaasjes fan my.'' Se
pakt in boekje mei de titel Frysk ûnderwiis, taalbefoarderingsideology yn
de earste helte fan de 19e ieu. ,,O ja, en dizze kaam dêrnei.'' Se jout my
it boekje Obe Postma, un tachtiger yn Fryslôn. ,,Postma is op dit stuit
nochal yn de moade'', mimert se. ,,In pratende dichter neam ik him, in
echte filosoof. Nee, ik haw net in soad skreaun oer dichters. Taalkunde
wie myn terrein.

Mar Postma wie in hiel ynteressant útstapke.'' De titel fan de publikaasje
is fonologysk opskreaun. Dêrmei makke se by de útjefte yn 1981 dúdlik in
statement. Yn 1980 wie der in nije stavering kommen, dy't fuortborduere op
de âlde stavering út 1948. Tony Feitsma hie der lykwols foar ivere om te
kommen ta in fonologyske fariant. ,,Fonologysk is wat oars as fonetysk'',
leit de wittenskipper út. ,,Ast in taal fonetysk opskriuwst, skriuwst
wurden op sa'tst se hearst. De fonology besiket lykwols de ûnderlizzende
taalkundige struktueren bleat te lizzen. Nim it wurdsje 'read'. Do seist
in 't', mar do skriuwst in 'd'. By it wurdsje 'wiet', seist in 't' en
skriuwst in 't'. As ik no fonetysk skriuwe soe, soene beide wurden einigje
op in 't', as ik lykwols de ûnderlizzende taalkundige struktueren bleat
lizze wol, dus fonologysk te wurk gean wol, skriuw ik 'read' mei in 'd'
omdat ik weethaw fan it wurd 'reade'.'' In taalsysteem kinne jo better
útdrukke yn in fonologyske stavering, fynt Feitsma. ,,As je it skriuwen
tichter by it praten bringe, krije jo it ienfâldiger. Dêrtroch kinne je it
ek hiel maklik skriuwe. Der binne hast gjin útsûnderings en nije wurden
kinst sa yn it fonologyske systeem opnimme.'' Doe't ein jierren santich de
diskusje heech oplôge, bleau Feitsma net yn de ivoaren toer fan de
wittenskip sitten, mar die ferheftich mei. ,,Ja'', seit se, ,,ik haw my
der wol drok om makke, en it muoit my noch altyd dat dy ûnsystematyske
stavering it wûn hat. Dat hat alles te krijen mei emoasje. ,,Minsken fiele
stavering it meast oan as 'it hat sa west en it moat sa bliuwe, want dat
heart by it Frysk'. Dy emosjonele reaksje hat de ûntjouwing fan de
stavering yn 1980 ek yn it paad stien.''

 

Halbertsma

In lytse read triedsje yn al har publikaasjes is fêst de persoan fan Joast
Hiddes Halbertsma (1789, Grou - 1869, Dimter), mennistedûmny en taal- en
letterkundige, waans taalkundich wurk se op dit stuit ek wer
bestudearret. ,,Ja, dy man yntrigearret my o sa'', seit se, ,,in hiel
nijsgjirrige man. Mei syn wurk soe ik noch wol jierren fierder wolle. Hy
hat hiel ynteressante dingen oer it Frysk skreaun, wie ek o sa
ynteressearre yn folksferhalen. Mei syn jongere bruorren Eeltsje,
Tsjalling en Binnert hat er Rimen en Teltsjes skreaun, in folksboek
grôtfol mei ferhalen en gedichten. Oér de folksferhalen hat er ek wer hiel
nijsgjirrige skôgings skreaun.''

,,En wat te tinken fan syn bysûndere oersetting fan it Matteüsevangeelje,
dy't ik brûkt haw by myn publikaasje oer it ferbân tusken de reformaasje
en de folkstaal. Yn de njoggentjinde ieu binne der nochal wat boeken yn it
Frysk oerset. Dêr waard deftich Frysk foar brûkt. Halbertsma hat besocht
it Matteüs-evangeelje yn de taal fan it folk te skriuwen. Dat wie hiel
bysûnder. Hy wie syn tiid fier foarút, soene wy no sizze. We sjogge dat se
dêr yn de oersettings fan de bibel hjoeddedei ek folle bewuster mei
dwaande binne.'' Feitsma dy't no al goed tritich jier yn Grou wennet, wie
ek op oar mêd drok dwaande foar it Frysk en syn kultuer. Se hat jierren yn
it bestjoer fan de ferline jier opdoekte Koperative Utjouwerij sitten. As
foarsitter sette Feitsma yn 1964 de Frysk Nasjonale Partij mei op
poaten. ,,Ja, kinst wol sizze dat ik aktivistysk wie'', seit se.

 

Netwurkjen

Oft se in idee hat wat har posysje yn Fryslân is? ,,No, earlik sein is my
dat net alhiel helder.

Ik nim wol oan dat net eltsenien my akseptearret. Mei dy staveringskwestje
meitsje jo gjin freonen. Dat wie wol oars mei dy boekeaksje. Ik haw my
doedestiids bekroade om de útferkeap fan boeken dy't de bibleteken fan
doel wiene om te dwaan. Je kinne ommers net samar publyk besit ferparte.
No, dêr wie de publike opiny it wol mei iens. Dy aksje wie dus in grut
súkses foar ús ynisjatyfnimmers, mar ik hie ek wol aksjes dêr't net
eltsenien wiis mei wie. No ja, it rint sa it rint'', seit se. ,,En ik
meitsje no ienkear ek net sa'n soad reklame foar mysels.'' Se laket: ,,Ja
júst, ik bin net sa oan it netwurkjen.

''Om de taal dy't se altiten bestudearre hat te stimulearjen, hat Feitsma
koartlyn mei wat oare minsken in nij fûns oprjochte. Dat fûns wol it
brûken fan it Frysk yn it deistich libben stypje. ,,Benammen projekten
dy't net yn de beneaming komme foar subsydzje troch de reguliere kanalen,
kinne in bydrage krije'', seit Feitsma. ,,Wy wolle nije plannen graach op
gong helpe.'' It earste projekt - simmerkampen op de folkshegeskoalle op
Skylge foar jongerein om Frysk te learen - wie in sukses en is al
oernommen troch de Provinsje. De website fan stichting Pjut is ek mei help
fan har fûns makke. Fierders stipe it fûns ek al in twatalige útjefte mei
gedichten fan Sjoerd Spanninga. Oer de takomst fan it Frysk is Feitsma
dûbel. ,,Mindertallen binne op dit stuit mear yn 'e moade as foarhinne.

De status fan it Frysk hat ek noch noait sá geweldich west. Oan 'e oare
kant hat de taal in swiere sile te lûken. As fansels giet de standing fan
it Frysk efterút.''

 

 


Fotobyskrift: As in grande dame sit se dêr tusken har boeken:
wittenskipper Tony Feitsma dy't jierrenlang bûtengewoan heechlearaar wie
oan de VU yn Amsterdam; de wittenskipper foar wa't studearje en
publisearje deistich brea wie en eins noch is. Foto: Frans Andringa

 

cultuurredactie Friesch Dagblad/Het goede leven