It argyf fan Tony

It argyf fan Tony

Neist de ferneamde kolleksje boeken bewarre Tony ek in soad dokuminten. Dit giet dan om korrespondinsje fan oaren mei Tony, mar ek skreaun Tony in soad brieven nei oaren. Hjir binne ek ôfskriften fan bewarre bleaun. Mar ek bewarre Tony kranteknipsels en oantinkens oan kongressen wêr't se by west hat. 

Argyf 1     Argyf 2   Argyf 3    Argyf 4

Alle stikken binne ynpakt yn sa'n 200 doazen.  Dizze doazen wurde sûnt 2011 troch frijwilligers allegearre trochnaam om se te oarderen en te ynventarissearjen. Meiwurkers fan Tresoar nimme dizze ynventarisaasje dêrnei oer yn de systemen fan Tresoar. Dit foarwurk is tige belangryk foar it skriuwen fan in biografy oer Tony. Nei alle ferwachtings sil it argyf yn jannewaris 2018 folslein ynventarissearre wêze.

In artikel yn de Letterhoeke hjiroer fine jo hjir.