it fûns

 

"Stipe foar it Frysk op punten dêr't de taal him net sa maklik sels rêde kin."  Tony Feitsma

Fine jo ek dat it Frysk de muoite wurdich is en ha jo ideëen of projekten, dy't in bydrage leverje kinne oan it brûken fan it Frysk? Dan kinne jo by it Feitsmafûns oanklopje om stipe.

It fûns is benammen bedoeld foar dy projekten dy't net ûnder de reguliere subsydzje-regelingen falle.

It kin fansels ek sa wêze dat jo it Frysk de muoite wurdich fine en sels gjin ideeën ha om wat te ûndernimmen, mar al op 'e siik binne nei in oare mooglikheid om in bydrage te leverjen. Dan soene wy tige wiis wêze mei in donaasje oan it fûns.

Lês mear oer de stipe-prosedures en oer projekten dy't al troch it Feitsmafûns stipe binne...