taspraak Johannes van der Meer

In Memoriam.

 Jaap en Maaike, Bea en Piet, Kollega's fan Tony, freonen en goekunde, oanwêzigen, en yn de tsjerklike setting fan hjoed lykas wy al ieuwen wend binne yn dit hûs el koar oan te sprekken: susters en bruorren.

Der is fannemiddei al in hiel soad wiers en nijsgjirrichs sein oer Tony Feitsma. Ik sil my dêrom beheine. Gjin ferhalen oer de jonge jierren yn Brantgum en de Wieringermar. Gjin skiednis oer har ynteresse yn de pleats wat se blike liet troch flaakslûken en ierappelsetten. Gjin ferhandeling oer it skriuwerskip fan har heit fan de Fryske krite en syn boekeferkeap fan it Fryske Bûn om utens, wêrtroch ‘t der altiten Fryske boeken yn ‘e hûs wienen. Neat oer skoalle en stúdzje, nee, neat fan dat alles want dat is allegearre al wiidweidich yn de Fryske kranten beskreaun. In stikmannich wurden noch.

Myn earste moeting mei Tony Feitsma wie yn 1975. Ik studearre teology oan de Universiteit fan Amsterdam, doe't ik skille waard:"Ja, middei, jo prate mei Tony Feitsma. Ik piel wat om mei it Frysk oan de Vrije Universiteit, en no haw ik in pear kolleezjes Bibelfrysk opset. Soenen jo dêr ek nocht oan ha? En soenen jo ek noch wat oaren dêrfoar ynteressearje kinne? Dan en dan is it, op myn keamer oan de Boeleleane. Goeie."

Wy der hinne. In pear nammen meie my noch heuge: Hilbert de Vries, Henk Haandrikman en Trinus Hibma.  Mar der wienen mear. We hawwe dêr in gouden tiid hân. We boarten mei de taal, mei wurden en professor Feitsma wist fan alles út 'e kast te heljen. Letter haw ik wol ris tocht: as we dêr no ris sekuer ferslach fan makke hienen, dan hienen we winlik in stik Fryske midrasj skreaun. We hawwe noch in pear semesters bytekene. It wie hiel bysûnder, sa as Tony Feitsma in bysûndere frou wie. Want sis no sels, it tsjûget fan moed om by jo promoasje dizze stelling te ponearjen:"Het verdient aanbeveling de doctorstitel af te schaffen". Fandêr ek, dat de famylje besluten hat om yn de advertinsje de doctorstitel mar wei te litten.

Wy geane út elkoar: Ik gean nei Edam, letter nei Nijmegen en Den Bosch en yn 1984 kom ik wer yn Amsterdam. En sa no en dan kamen we elkoar ris tsjin: in gearkomste hjir of dêr, in lêzing, in promoasje, efkes sûnfreegje en dat wie't dan wol sa'n bytsje. En al dy tiid haw ik neat witten fan har tsjerklike eftergrûn. Oant ik 5 jier lyn in berop oannaam nei Mid Fryslân, Doe kaam ik har we tsjin yn dizze tsjerke en doe spriek se de ûnstjerlike wurden: "Och hea, wat fyn ik dat no aardich dat ien fan myn âld learlingen myn learaar wurdt". In fanatike tsjerkegonger wie hja net, mar altemets seagen we har. De earste besite dy't ik mei har ôfpraat hie, waard ôfbelle, de twadde ôfspraak kaam min út, it tredde skot dat ik weage wie mis en de fjirde kear mislearre en nei de fiifde kear gie it oan. Ik koe by har op de Boeijer komme. Tusken de foardoar en de wenkeamer wie in hiel smel paadsje makke wêr't ik amperoan troch koe, en de stoel tsjinoer dy fan har, siet fol mei in steapel papier.
"Dat moatte jo der mar efkes ôflizze", sei se.
"Jo binne nochal wat bewarderich, sa te sjen", sei ik.
"Dat is ek sa", sei se, "mar ik haw it allegearre nedich".
Der waaide my neat yn de hals. Gjin tee, gjin kofje, neat. Dat fûn se net nedich. It gie om it petear, it debat, en it meitsjen fan tee of kofje gie ôf fan it bytsje tiid dat hja hie en wêr't se fan tocht fat ik dat ek wol ha soe. It wie in tige besteklik petear. Wy koenen it wer skoan pratende hâlde. In jiermannich letter gie sr. Feitsma nei de peteargroep, dy't we op in tal woansdeitemiddeis hawwe. Wy wienen it struktureel op de measte punten mei elkoar ûniens, en we sparren elkoar net.  "Dy man!" sei se dan soms suver grimmitich. Faak ha we op woansdeitejûn noch skille, om elkoar te fertellen wat we no winliken echt bedoelden en dan hienen we meastal noch in soad neiwille Ik sil dat o sa misse.

Suster Tony Feitsma hearde by dy generaasje fan menisten, dy't it oer harren leauwenslibben net graach hienen. Dat wie eat tusken God en har. Mar yn maaie moast it der doch fan komme, want it koe wol ris net goed gean en we fûnen beide dat der wol ien en oar regele wurde moast. Kinne jo regelje dat ik yn Brantgum op it hôf kom? Dat haw ik regelje kind, en doe't ik dêr wei kaam bin ik noch efkes trochriden nei Foudgum, nei de tsjerke wêr't ea Francois Haverschmidt it wurd ferkundige en nei de pastorij wêr ‘t er ea wenne hat. It wie in kâlde reinige en ûnlijige dei en rûnom it hûs hong in hiele sinistere, nearzige sfear.

De oare deis fertelde ik har dat hja hearde ta de útferkeazenen dy ‘t yn Brantgum begroeven wurde mochten. Se waard der suver fleurich fan. En doe't ik har fertelde fan myn besite oan Foudgum en dat ik no ek begriep wêrom ‘t de Foudgumer dominy himsels letter yn Den Helder te koart dien hat hie se de grutste wille.  It wie de earste kear dat ik har skatterjen heard haw. "Sille we no noch in pear dingen regelje?" frege ik. "Dat kin in oare kear noch wol", antwurde hja, "want ik bin o sa wurch". It is der net fan kaam. Troch it ferrin fan har kwaal wie kommunikaasje by de folgjende besite eins net mear mûgelik De tiid berûn ús.

It âlde en ûnferwrigge hast typysk Menniste adagium wie ek har net frjemd. "It sil wol goed komme, dêr haw ik wol fertrouwen yn".
It sil wol goed komme.
En litte wy no mar besykje om yn dat fertrouwen no ek mar te dielen, it dan los te litten,  har loslitte, en tafertrouwe oan de Ivige, dy't God fan libbenen en deaden is.

"Wat west hat, wie der al lang
en wat komme sil, hat der al lang west,
en God siket wat ferflein is wer op"

God siket wat ferflein is wer op, Ek it libben fan ús suster Tony Feitsma, dat no foarby is, mar net út en seker net ferlern en fergetten!

Net sa lang as wy libje, Net salang as wy oer har praten bliuwe, mei fertriet mar ek mei in kostber en dierber oantinken.

Yn de âlde fariseïstyske tradysje fan de Rabbinen wurdt der by it ferskieden fan in dierbere altyd sein: "Zichrona liwracha,": mei har neitins ta seine wêze.  Ik fyn dy útdrukking hjir hjoed op syn plak;

Tony Feitsma
mei har neitins ta seine wêze,
foar ús allegearre,
sa lang as ús it libben jûn is.

Mei it sa wêze.

Amen.