K onTOER

Op sneon 13 septimber 2014 hat te Kimswert plak hân:

LITERÊR-KULTUREEL PROGRAMMA FOAR BERN


Yn Bernespektakel waarden bern oanset ta Frysk lêzen troch de twa nije útjeften.
Dêroerhinne waarden bern edukatyf dwaande hâlden oan ’e hân fan:

-bernetoaniel: Hoe grutsk wie Pier fan Hans Brans, foar alle leeftiden
-bernewurkwinkel oer poëzy anneks mei tekenjen/skilderjen troch Matty de Vries, 5-12 jier
-edukatyf projekt oer Grutte Pier It krús fan de Hollanner troch Ate Grypstra (lêsboek en game), 12-15 jier
-ferdivedaasje mei Grutte Pier troch de sterkste man fan Fryslân Wout Zylstra, alle leeftiden
-ferklaaierij en tekenfilm oer Grutte Pier.

It doel is dat dit projekt in ferfolch krijt yn oare Fryske plakken yn 2015