kritearia

De kritearia foar it jaan fan stipe hawwe it karbrief as basis en binne yn ‘e rin fan ‘e tiid oanpast en oanfolle. Yn it karbrief stiet:

Karbrief, Kêst 2
It doel fan de stifting is it befoarderjen fan it mûnling en skriftlik brûken fan it frysk.

Karbrief, Kêst 3
It doel fan de stifting wurdt neistribbe troch út de jildmiddels fan it fûns stipe te jaan oan aktiviteiten dy’t bydrage kinne ta:
a.it befoarderjen fan in goede fryske stavering (dy’t helte mear en systematysker op de werjefte fan it lûd rjochte is as de besteande offysjele stavering)
b. it op oare wize fersterkjen fan de ynfrastruktuer fan it frysk, foarsafier’t oare ynstânsjes of organisaasjes dêr net op befredigjende wize yn fersjogge
c. it ferskinen fan wittenskiplike en literêre publikaasjes yn it frysk dy’t oars net sa maklik in kâns krije
d. it op oare wize befoarderjen fan it doel fan de stifting

Wy hawwe dit omsetten nei de folgjende kritearia, dêr’t wy jo oanfraach op beoardielje:

Basiskritearia
*oanfraach útsoarte yn it Frysk
*it formulier moat goed ynfolle ynlevere wêze
*yn prinsipe net struktureel mar begjinstipe – op gleed helpe
*yn prinsipe projekten dy’t bûten de reguliere súbsydzjestreamen falle
*inisjativen stypje dy’t bydrage oan in Fryske ynfrastruktuer en posysje fan it Frysk
*doelgroep: foarkar bern/jongerein (takomst)
* ‘yn de geast’ of yn it ynteressefjild fan Tony Feitsma

 Oanfoljende kritearia
*útfierende keunst yn it Frysk tagonglik meitsje foar in protte minsken
*befoardering taalbewustwêzen
*berik > tal te berikken minsken > minsken dy’t oars net (gau) berikt wurde > ynskatting effekt
*fernijend/by de tiid
*kwaliteit fan it Frysk yn de oanfraach