Libbene stienen

“Libbene stiennen”, nije foarstelling fan Piter Wilkens

‘Fyftjin pearels’ en ‘topper yn syn diskografy’. De Fryske media is optein oer de nije mesykfoarstelling “Libbene stiennen” fan de Fryske singer/songwriter Piter Wilkens, makke by gelegenheid fan it 45-jierrich bestean fan de Stichting Alde Fryske Tsjerken. Wilkens tredet de kommende wiken noch fjouwer kear op: yn Jorwert, Schurega, Ljouwert (Huzum) en Sint Jacobiparochie.

“Libbene stiennen”  is in voorstelling wêr yn it ferhaal fan de middelieuske doarptsjerke sintraal stiet.  It ferhaal fan terpen, boeren, aadlike femyljes, leauwen en grutte saken yn it libben. Koartom: in bysûndere foarstelling oer Fryslân.

Piter Wilkens wit eltsenien, fan jong oant âld, te reitsjens mei syn foarstellings. Hy stiet tichteby de minsken, mar is ek in grut artyst. Mei syn humor en belutsenens is er fan grutte wearde fan it kultureel libben yn Fryslân.

Wilkens hat it talint om op in ûngedwongen, skynber tafallige menier belangrike ûnderwurpen oan de oarder te stellen. Hy kiest bewust foar it Frysk yn syn foarstellings. It Frysk is in brede taal mei in prachtige rykdom oan lûden, mar foaral de siel fan de taal. Sa’t de tserke de siel fan it doarp is.

Entree: € 12,50. Kaartferkeap fia De Harmonie: www.harmonie.nl

Data:
Snein 27 septimber, 15.30 uur: Redbadtsjerke Jorwert
Snein 11 oktober, 15.30 uur: kerk Schurega (Jubbega)
Snein 25 oktober, 15.30 uur: dorpskerk Huzum-Ljouwert
Snein 1 novimber, 15.30 uur: Groate Kerk St. Jacobiparochie

Libbene stiennen wurd mei mooglike makke troch: Douwe Kalma Stifting, Feitsma Fûûns fwar ‘t Frysk, NAM, Rabobank Noord-Oost Friesland.

 

tsjerkerut