Earder stipe

Hjir in oersjuch fan alle projekten dy 't it Feitsmafûns  stipe hat oantmei 2014. 

 81. Oersetting 'de Pearl fan Douwe Kalmal, 15-12-2014
Fersyk: € 500, anonym
Stipe: € 500
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal, yn de geast fan Tony.
Risseltaat: it projekt is ynlutsen y.f.m. gjin folsleine finansiering (stipe werombetelle)

80. Sirkwy Sympoasium, 25-11-2014

Fersyk: € 800, Tryntsje v.d. Steege

Stipe: € 800

Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal, is foar in part rjochte op jongerein en draagt by oan de ynfrastruktuur fan it Frysk.

Risseltaat: In tige slagge sympoasium op 28 maart 2015.

 79.Muzykfoarstelling Piter Wilkens 45 jier Alde Fr. Tsjerken, 06-11-2014
Fersyk: € 2500, St. Alde Fr. Tsjerken (Reina Hilarides)
Stipe: € 800
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal, is foaral rjochte op jongerein en sichtber foar in brede doelgroep.
Oare stipers: Arjen Witteveenfûns, Douwe Kalma Fûns, Rabo Coöp.fonds NE-Fryslân
Risseltaat: foarstellingen rûnom yn Fryslân

78.Fronika de Flie ‘printe- en tekenboek foar jonge bern’, 05-11-2014
Fersyk: € 500, Vera Damhuis (Vera Damhuis)
Stipe: € 500
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal.
It projekt is foar rjochte op it deistich brûken fan it Frysk by bern en sichtber foar in brede doelgroep.
Risseltaat: de útjefte is útbrocht en wurdt brûkt op skoallen.

77.Hiemhûntsje, 26-1-2014
Fersyk: € 500, Toanielferiening De Takomst Húns/Leons (Els v. Dongen)
Stipe: € 500
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal. It projekt is foar rjochte op it deistich brûken fan it Frysk by bern en sichtber foar in brede doelgroep. Wol in betingst, dat de stipe net struktureel wurde moat.
Oare stipers: Gem. Littenseradiel, Douwe Kalma St., St. Fonds Bolsward-Dronrijp, Van Heloma St., Juckema Siderius Fonds, Th. V. Welcheren Fonds
Risseltaat: inkel foarstellings

76.Oersetting Lietboek Zingen en bidden in huis en kerk yn it Frysk, 28-10-2014
Fersyk: € 2000, YKFE (Ds. P. Hekstra)
Stipe: € 1250
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal. It projekt is foar rjochte op it deistich brûken fan it Frysk en draacht by oan de ynfrastruktuer fan  it Frysk.
Oare stipers: ferskate tsjerken en garantstelling PTN
Risseltaat: it lietboek is útbrocht en ferspraat binnen Fryske tsjerken en te krijen by de boekhannel.

75.Musical Ruth, 22-10-2014
Fersyk: € 1000, It Kwartettenkoar (Halbe Klijstra)
Stipe: € 500
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal. It projekt is foar rjochte op it deistich brûken fan it Frysk en is sichtber foar in brede doelgroep.
Oare stipers: Boersma St., Meindertsma St., Jansen St., Douwe Kalma St., Anth. Gasthuis, St. Weeshuis Boalsert, 2 prov. Fûnsen
Risseltaat:ferskate foarstellings mei in soad publisiteit. Dêrneist in soart 'spin offs'

74.Verhalenboek Rottefalle, 07-10-2014
Fersyk: € 500, B. v. Houten
Stipe: € 500
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal. It projekt is foar rjochte op it deistich brûken fan it Frysk en is sichtber foar in brede doelgroep yn de regio.
Oare stipers: Gem. Smallingerland, Prins Bernhard Cultuurfonds, P.W. Janssen’s Fr.St.
Risseltaat: boekje útbrocht en ferspraat yn de regio Rottefalle.

73.Digitale graphic novel (E-Comic) Jules Verne, 29-08-2014
Fersyk: € 1500, St. Utjouwerij Regaad (A.T. Popkema, Bert-René Luimstra)
Stipe: € 1000
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal. It projekt is rjochte op de doelgroep jongerein. It projekt is sichtber foar in brede doelgroep.   
Oare stipers: Provinsje, BSF, Douwe Kalma St., FLMD, Pot Couperus Fûns, PlatfoarmFr. Lêsbefoardering
Risseltaat: projekt rint noch

72.K-onTOER Kimswert, 30-08-2014
Fersyk: € 5500, St. Utjouwerij Frysk en Frij (Gosse Brouwer)
Stipe: € 1000
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal. It projekt is rjochte op de doelgroep jongerein. It projekt is sichtber foar in brede doelgroep.   
Oare stipers: Provinsje, oare fûnsen
Risseltaat: foarstellingen binne hâlden en it projekt krige in ferfolch

71. Feitsmabondel, N.N., 28-6-2014
Stipe: Garânsjestelling
Motivearring: yn de geast fan Tony
Risseltaat: de bondel is útbrocht yn augustus 2015 en noch te keapje by it Feitsmafûns

70. N.N, 10-06-2014
Stipe: net takend
Motivearring: Prosedure net folge, gjin grutte bydrage f.h. stimulearjen f.i. brûken f. i. Frysk

69.De Skipsjonges fan Bontekoe, 27-05-2014

Fersyk: € 1300, St. Utjouwerij Regaad (Bert-René Luimstra)
Stipe: € 1000
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal.
It projekt is rjochte op de doelgroep jongerein en is sichtber foar in brede doelgroep.
Oare stipers: Prov. Fryslân, DKS, KFFB, Boersma-adema, Pot Cuperus, Crowd Funding, anonym
Risseltaat: it boek is útbrocht en leit by de boekhannel


68.20e Frysk Filologekongres, 08-5-2014
Fersyk: € 1500, Hanno Brand, dir. Fr. Ak./foarsitter Kongreskommisje (Janneke Spoelstra)
Stipe: € 1500
Motivearring: Bondel Tony stiet op it programma; yn’e geast fan Tony
Oare stipers: Ottema-Kingma St., P.W. Janssen’s Fr.St., NHL, Rabo, St. Anth. Gasthuis, Fr. Genoatskip, Boersma Adema St., Douwe Kalma St., Provinsje, Wetensch. Bureau Onafh. Senaatsfractie
Risseltaat: filologekongres hat west yn juny 2015, in part fan it programma stie yn it kearn fan Tony Feitsma

67.Sân kear Hamlet, 31-03-2014
Fersyk: € 2000, St Frija (Johannes Spijksma, Wopke Speerstra)
Stipe: € 2000
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal.
It projekt is foar in part rjochte op de doelgroep jongerein. It projekt is sichtber foar in brede doelgroep.
Oare stipers: 6 lanlike en 19 regionale fûnsen
Risseltaat:  projekt rint noch

66.Swart Wetter, 16-01-2014
Fersyk: € 1200, Teatergroep ATOL (Johan Spijkerman)
Stipe: € 500 (Werom betelje. Projekt giet net troch y.f.m. sykte
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal. It projekt is sichtber foar in brede doelgroep.
Risseltaat: de útfierings wiene goed besocht.

 65.dvd-projekt Alde Leie, 28-12-2013
Motivearring:  It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal en is sichtber foar in brede doelgroep.
Oare stipers: Prov. Fryslân, Gem. Leeuw.deel, P.W. Janssen’s Friesche St., Boelstra Olivier St.
Risseltaat: DVD is útbrocht en suksesfol presintearre

64.Sykje om Suske, 17-11-2013
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal, it projekt is (yndirekt) sichtber foar in brede doelgroep en foar in part rjochte op bern.
Risseltaat: Oantal útfierings binne hâlden yn de region Hûns

63.Juster is fuort, 16-10-2013
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal. It projekt is sichtber foar in brede doelgroep.
Risseltaat: Inkele sukselfolle útfierings yn Eastermar, goede kritiken yn de parse

62.Mearkes út ’e Wâlden, sammele troch Dam Jaarsma, 08-10-2013
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal.  It projekt is foar in part rjochte op de doelgroep jongerein en in brede doelgroep.
Risseltaat: It boek is útkommen en presintearre op in tige drok besochte byienkomst. Ek is der in programma oan wijd op Omrop Fryslân

61.Jan Ritskes, a.Poëzijwedstriid, b.-bondel, c.-nacht, d.liturgysk konsert, 30-07-2013
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal. It projekt is foar in part rjochte op de doelgroep jongerein.
Risseltaat: Alle aktiviteiten binne útfierd konfoarm it projektplan. In soad oandacht yn de media en goede besikersoantallen.

60. Jûnssang, 15-12-2013
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal. It projekt is (yndirekt) sichtber foar in brede doelgroep, trochdat foargongers hat bewust wurde fan it brûken fan it Frysk yn tsjerketsjinsten
Rissltaat: Utfiering op 1 maart 2013 yn Feanwâlden

59.De kristlik-Fryske beweging yn de tweintichste ieu, 27-06-2013
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden fan it Frysk as taal. It projekt is yn de geast fan de saken wêr’t Tony Feitsma foar stie en draacht by oan de ynfrastruktuer fan it Frysk
Risseltaat: It boek is útkommen en hat oandacht hân yn de Fryske kranten

58.Troch de tiid mei Wynkrêft 25, 12-06-2013
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden fan it Frysk as taal.  It projekt is hat in berik foar in grut part fan de regio.
Risseltaat:  Ferskate foarstellings yn de omkrite fan Folsgeare

57.Friesendroapen, 27-03-2013
Motivearring: Bysûndere ferantwurdlikheid fan Fryslân foar har lytse sustertalen, geast fan Tony,
Oare stipers: Ynterfryske Rie en oaren
Risseltaat: Sukselfolle gearkomsten op Helgolân

56.Jubileumútjeften Reinder R. v.d. Leest, 30-01-2013
Motivearring: Totaal bedrach ofwiisd: gjin brede doelgroep, formulier net folslein ynfold, dêrom mar in beheinde stipe, op basis fan bydrage oan ynfrastruktuer.
Oare stipers: Ferskate oare fûnsen
Risseltaat: Utjeften binne dien, projekt ôfrûne.

55.Obe Postma, it Fryske libben by âlds, 1. 20-01-2013 2. 29-12-2013
Motivearring: It projekt draagt by oan it bewustwurden en it brûken fan it Frysk as taal.
It projekt draacht by oan de ynfrastrukuer fan it Frysk, benammen troch de ynfloed dy’t Obe Postma hie op it mêd fan de bewustwurding fan it Frysk en de Fryske skiednis.
Oare stipers: Obe Postmaselskip en oare fûnsen
Risseltaat: De bondel is útbrocht en presintearre yn 2015

54.N.N., 17-01-2013
Stipe: op betingsten is gjin reaksje folge
Motivearring: yn prinsipe steune > betingst: oanfraachformulier (ev yn it Ned.) en begeliedende brief yn it Frysk

53.Peaskekongres 2013 ‘ConneXt-Boargerskip en Ferbining’, 16-01-2013

Motivearring: Brede doelgroep, draacht by oan it bewustwurden fan it Frysk as taal by jongerein.
Oare stipers: Provinsje Fryslân, Douwe Kalma Stifting, Old Burgerweeshuis en ferskate oare fûnsen.
Risseltaat: Sukselfol kongres mei in soad oandacht fan de parse

52.Jubileumkonsert Frysk Sjongkoar Swol, 05-11-2012
Motivearring: Bewustwurding Frysk búten de provinsje, yn de geast fan Tony
Risseltaat: Jubileumkonsert wie in sukses

51.Printeboek Pien en har spin, 01-11-2012
Motivearring: doelgroep jongerein, draagt by oan de bewustwurding fan Frysk as taal
Oare stipers: provinsje Fryslân en ferskate oare fûnsen
Risseltaat: It boek is útbrocht

50.De lytse kannibaal, 05-10-2012
Motivearring: doelgroep jongerein, draagt by oan de bewustwurding fan Frysk as taal
Oare stipers: ferskate oare fûnsen
Risseltaat: Inkele goedbesochte foarstellings

49. N.N. , 24-07-2012
Stipe: net takind
Motivearring: gjin oanfraachformulier en ynhâld joech te min omtinken oan de Fryske taal.

48.Oersetting Lytse Daan, Roald Dahl, 19-06-2012
suggestje bestjoer > Motivearring: doelgroep jongerein, draagt by oan de bewustwurding fan Frysk as taal: net folsleine bedrach y.f.m. jierromte film/neisynchronisearje
Oare stipers: provinsje Fryslân en ferskate oare fûnsen
Risseltaat:  boek is útkommen

47.Samle fersen Jan Wybenga + Sympoasium: Wybenga as modernist, 15-06-2012
Motivearring: Ynfrastruktuur
Oare stipers: provinsje Fryslân en ferskate oare fûnsen
Risseltaat: Bondel presentearre, sympoasium hat west.

46.Oersetting Euregia en de wrâld, 08-05-2012
Motivearring: alhoewol gjin Frysk, al stimulearring fan taalbewustwêzen fan minderheidstalen yn it algemien (komt ek it Frysk ten goede)
Oare stipers:  Ried foar de Fryske Beweging
Risseltaat: projekt wurdt troch de Ried sels útfierd

45.Online Frysk Wurdboek, 08-05-2012
Motivearring: diskutabele kwaliteit fan it wurdboek, mar wol in goed ynisjatyf om it Frysk tagonklik te meitsjen. Feitlik in oanmoedigingsstipe.
Risseltaat:  It wurdboek stiet online en wurdt ek by de tiid hâlden

44.De Taalbeam, 150e stjerdei Harmen Sytstra, 22-04-2012
Motivearring: doelgroep jongerein, draagt by oan de bewustwurding fan Frysk as taal
Risseltaat: Súkses, de Taalbeam hat de hiele simmer yn Baard stien

43. N.N., 06-03-2012
Stipe: net takind
Motivearring: liket elitêr, gjin wurd yn de oanfraach oer de bydrage foar it Frysk

42. N.N, 16-01 2012
Stipe: net takind
Motivearring: gjin/te min omtinken foar de taal/mooglikheid oanjoen in mije oanfraach yn te tsjinjen

41.Krystferhaleboek foar bern ‘Stille nacht, wûndernacht’, 10-01-2012
Motivearring: doelgroep jongerein, draagt by oan ferbreding jongereinliteratuer
Oare stipers: Provinsje, Pot Couperusfûns, FLMD, Je maintiendrai
Risseltaat: Krystferhaleboek is ferskynd en presintearre mei in moaie gearkomste

40.Friese Staties, 18-12-2011
Motivearring: goede erfarings yn oare streken, breed publyk, net it folsleine bedrach y.f.m. jierromte
Oare stipers: Fries Aktiviteitenfonds, PKN, St. Rotterdam
Risseltaat: projekt rint 29-03-2012/ein 2014, útnoeging iepening Grutte Tsjerke Ljouwert

39.Twatalige edysje + Fryske cd Equinox Tsjêbbe Hettinga, oersetting Barnard 14-12-2011
Motivearring: hege kwaliteit
Oare stipers: Prov. Fryslân, Ned. Letterenfonds, Douwe Kalma, Herbert-Duintjer, Heloma, Boelstra-Olivier, Anjerfonds, Tamminga-Piebenga, OKS
Risseltaat: ferskynd, presinteksimplaren Equinox en cd

38.Teaterstik ‘It Deiboek’, 07-11-2011
Motivearring: lokaasjeteater, net hielendal de doelgroep, grutte belutsenens doarpsmienskip Blauhûs en omkriten
Oare stipers: noch gjin offisjeel oanfraacformulier
Risseltaat: foarstellings binne hâlden, protte besikers en media-oandacht

37.Bondel A. Feitsma, Tussen Hemsterhuis en Grimm, J.H. Halbertsma … 08-09-2011
Motivearring: Tony harsels!, skiednis Fryske taalkunde > wittenskiplik nut
Oare stipers: Boersma Adema St.
Risseltaat: Bondel is presintearre op 22 jannewaris yn Brantgum (sjuch fierder dizze webside)

36.Keppelfeest, betinking 60 jier Kneppelfreed, 14-08-2011
Motivearring: befoardering taalbewustwêzen, grut berik, soad aktiviteiten, kreatyf, net eksplisyt op jongerein rjochte
Oare stipers: gem. Ljouwert, Súdwest Fryslân, KH 2018, prov., Woudsend, Je Maintiendrai, Douwe Kalma, Meindersma Sybenga, , Ried Fryske Beweging, Hendrik Nannes en CE, Rabo, Weeshuis, Oranjewoud, Pr. Bernard, Anthony Gasthuis
Risseltaat: folslein útfierd, soad publisiteit, protte besikers

35.19e Frysk Filologenkongres, 28-07-2011
Motivearring: net sa sear ús doelstelling, ynteressefield Tony, bydrage Fryske ynfrastruktuer, wittenskiplik nut Frysistyk (hist., taalk., letterk.), ek foar jong talent en sneupers
Oare stipers: Ottoma-Kingma, Douwe Kalma, P.W. Janssen, Je Maintiendrai, Frysk Genoatskip, Ritske Boelema gasthuis, Prov., Gem. Ljouwert
Risseltaat: Kongres is hâlden

34.Sirkwy Seminar Fryske Literatuer, 2e rige lêzings 2012, 27-07-2011
Motivearring: sjoch by 22.Sirkwy
Oare stipers: Provinsje
Risseltaat: projekt is útfiert sa as yn it projektplan stie.

33.N.N., 16-06-2011
Stipe: net takind
Motivearring: gjin oandacht foar doelgroep yn de oanfraach en yn dy sin de befoarderjende wurking foar it Frysk

32.’www.leukefriezen.nl’, Fryske datingsite, 25-05-2011
Motivearring: jongerein 20 -35 jier, kreatyf mei it Frysk, deeglike opset, past yn dizze tiid, stipet posysje Frysk, bydrage Fryske ynfrastruktuer
Oare stipers: Douwe Kalma Fûns, FYK, Afûk, bedriuwslibben
Risseltaat: net trochgongen, foarearst in te grut projekt

31.N.N., 20-04-2011
Stipe: net takind
Motivearring: net direct ús doelgroep (kulturele kommisjes, provinsjale meiwurkers, Skouboarchpublyk), gjin begjinstipe (2e kear), oanfraach net yn it Frysk

30.Midsimmer-jûn, Frysk-Flaamske literêre moeting, 05-04-2011
Stipe: net nedich, hja koene it sels rêde
Motivearring: literêr nut, bydrage oan Fryske ynfrastruktuer
Oare stipers/Risseltaat: grut sukses wurden mei oare stipers

29.Willewike, bydrage 1 dielnimmer Fryske kampwiken Skylge, 29-03-2011
Motivearring: sjoch by 19.Willewike
Oare stipers: sjoch by 19.Willewike
Risseltaat: partisipaasje I dielnimmer

28.Oersetting ‘Mearkes fan Grimm’ troch A. Popkema, 13-12-2010/03-03-2011
Motivearring: jonge âlden en har bern, in wrâldferneamde klassiker, soad publisiteit deromhinne yn it Grimm-jier (200 jier lyn), stypjen posysje Frysk
Oare stipers: Prov., Dútske Grimm Gesellschaften, Douwe Kalma St.
Risseltaat: Boek ferskynd yn desimber 2012, soad publisiteit.

27.N.N., 28-01-2011
Stipe: net takind
Motivearring: giet net om de (Fryske) taal

26.Sjongwike Voices of Europe 2011, ynternat. koarprojekt minderheidstalen, 27-11-2010
Motivearring: jongerein, sjongers, muzykleafhawwers, befoard. taalbewustwêzen, grut berik
Oare stipers: Fryske Rie, Gem. Snits, Menameradiel, Pr. Bernhard, Prov., Eringa Lijs Fûns, Old Burgerweeshuis, Douwe Kalma, Europeeske stipe
Risseltaat: goed slagge, 3 konserten (û.o. Prinsetún)

25.N.N., 29-10-2010
Stipe: net takind
Motivearring: Past wol yn ús doelstellings, mar it FFF follet gjin gat fan Provinsje (bedoeling is earder it omkearde)

24.Teaterfoarstelling ‘Knock út’, 06-11-2010
Motivearring: lokaasjeteater, nb. 2e kear, oanfraach net yn it Frysk
Oare stipers: Gem. Skarsterlân, VSB, P.W. Janssen, Arjen Witteveen, Douwe Kalma, Siep Jellesma
Risseltaat: súksesfol, ekstra foarstelling

23.N.N., 25-06-2010
Motivearring: doelgroep past net by FFF, measte (byg. Poëzyalbumferskes) al publisearre

22.Sirkwy Seminar Fryske Literatuer, 1e rige lêzings, 29-05-2010/03-11-2010
Oare stipers: Prov., Je Maintiendrai, Douwe Kalma St., FLMD Fûns
Motivearring: doelgroep meastentiids wat âlder/net folle studinten, bydrage Fryske ynfrastruktuer, literêre wearde (ûntjouwingen Fryske literature lêste 10 jier)
Risseltaat: 4 jûnen (sa’n 30 belangst.), publikaasje (harkboek, yn tiidskriften)

21.Bondel Dr Bernard Smilde, 08-05-2010
Motivearring: wittenskiplik nut, belang fan Smilde/ûntjouwingen ûnderskate gebieten fan it Frysk (taal, kultuer, muzyk), brûken Frysk yn tsjerke (ynteressefjild Tony)
Oare stipers: ja
Risseltaat: Bondel mei presintaasje rûn de jierdei fan Smilde

20.Dokumintêre taal en kultuer Hilgelân, 26-04-2010
Motivearring: befoardering posysje Frysk en bewustwêzen taal en kultuer, grut berik
Oare stipers: Douwe Kalma St.
Risseltaat: moaie útstjoerings op Omrop Fr. En Nederlânske tillevyzje (60.000 taskôgers)

19.Willewike, bydrage 2 dielnimmers Fryske kampwiken Skylge, 17-03-2010
Motivearring: bern basisskoalle, lyts bedrach en bysûndere sitewaasje, befoardering taalbewustwêzen, ferfolch op 2.Skriuwwike (mei stipe FFF)
Oare stipers: Provinsje stipet it project Skriuwwike sels
Risseltaat: partisipaasje 2 dielnimmers

18.Oersetting Kening fan Katoaren, Jan Terlouw troch Ytsje Steen, 19-02-2010
Oare stipers: Douwe Kalma Stifting
Motivearring: jongerein (middelbere skoalle), befoarderjen Frysk lêze (op skoalle), oanbod foar dizze groep is net heech, wurdt ferfilme (stimulâns belangstelling)
Risseltaat: Utjefte boek

17.N.N., 1-10-2009
Stipe: net takind
Motivearring: doelgroep fan dizze roman leit wat bûten úzes

16.De man út Myra, 27-10-2009, geskink 150 jier wettersportferiening Frisia
Oare stipers: Prov., St. HSV, VSB, Woudsend 1816
Motivearring: muzykteater, lokaasjeteaterfoar en troch ynwenners fan Grou, befoardering bewustwêzen fan skiednis en taal
Risseltaat: goed slagge, 1e jûn al 500 besikers (LC)

15. Multilaterale ynternasjonale útwiksel FYK ‘Minority & Marketing’, 30-06-2009
Oare stipers: Prov., Doornbos Beheer, Oldenburgerweeshûs, Eringa & Meijer, Rabobank Belastingadviseurs
Motivearring: jongerein, befoardering bewustwêzen en promoasje eigen (Fryske) taal en kultuer, befoardering kontakten taalminderheden
Risseltaat: súkses, 23 dielnimmers, goed evaluaasjeferslach, oandacht yn Fryske media

14.Teatergroep ATOL ‘Hasto myn lytse jonge net sjoen?’, 08-05-2009
Motivearring: bern fanôf 6 jier, lokaasjeteater (tsjerketoer ST Nyk), leechdrompelig,
Oare stipers: gem. Skarsterlân, sponsoren/bedriuwen, Pr. Bernard, VSB, P.W. Janssen, Arjen Witteveen, Je Maintiendrai, Douwe Kalma, Siep Jellesma St.
Risseltaat: súksesfol, soad publyk, ekstra foarstelling

13.Oersetting Dienstboek-een proeve deel II fan de Protestante Tsjerke yn Nederlân
(ferfolch op diel I: oerset yn 2005 as Tsjinstboek-in oanset), 24-01-2009
Motivearring: geast fan Tony (yn rekommandaasjekomitee), stypjen posysje Frysk (ferriking), rikwiidte (tsjerke, oarte liturgyske mominten, yn it persoanlik libben)
Oare stipers: kulturele en kristlike fûnsen út ‘Fondsenboek Walburgpers’, Fryske fûnsen
Risseltaat: moaie útjefte

12.Euregua, selsskipsspul oer regionale talen, 13-09-2008
Motivearring: jongerein û.o., befoardering taalbewustwêzen (kennis en wearde regionale talen)
Oare stipers: Prov., Ried Fr. Bew., Douwe Kalma, Boersma Adema Fûns
Risseltaat: moai spul, kocht troch in soad skoallen en partikulieren

11.N.N., 29-06-2008
Stipe: net takind
Motivearring: past net yn doelstellings en by doelgroep

10.Oersetting The Hobbit, Tolkien troch A. Popkema, Utj. Elikser, 04-06-2008
Motivearring: doel grutter lêsoanbod bern 12-18, (earste) oersetting ‘klassiker’ yn it tige populêre fantasysjenre  en partisipaasje Tolkienferiening > fersterking posysje Frysk
Risseltaat: in slagge oersetting, moaie oanbieding mei protte parse/televyzje

9.N.N., 24-04-2008
Stipe: net takind
Motivearring: past net yn doelstellings, útjefte troch 2 besteande útjouwerijen

8.Fertel- en Foarlês-Festival, 21-02-2008
Motivearring: doelgroep bern, befoardering taalbewustwêzen, grut berik, gearwurking soarch-ûnderwiis-bibleteken-musea
Oare stipers: Prov., St. Lezen
Risseltaat: lespakket Pabû-studinten, foarlêzen/fertellen âldereinhuzen/skoallen, Finale Fryske Foarlêskampioen foar bern 29-05-2009

7.Undersyk meartalichheid yn Wales, 30-01-2008
Motivearring: wittenskiplik nut (kennis oer twataligens), promoasje twatalich ûnderwiis/opfang 0-12 jier
Oare stipers: Prov., Douwe Kalma, Eur. Buro lytse talen
Risseltaat: moai ûndersyksferslach/ideeën en advyzen, Fryske oersetting webstek, menukaart, folders esfh foar De Pleats yn Burgum

6.Toanielstik De Tredde Helte, 20 fuotbalkantines/doarpskafees, 24-01-2008
Oare stipers: Prov., Woudsend 1816, Douwe Kalma, Je Maintiendrai, VSB, P.W. Janssen, SNS Reaal, Pr. Bernard, Herbert Duintjer, Arjen Witteveen
Motivearring: lokaasjeteater, kwalitatyf goed Frysk toaniel, grut en breed berik
Risseltaat: o sa slagge, 18 foarstellings, goeie opkomst

5.N.N. 20-01-2008
Motivearring: past net yn doelstellings
Stipe: net takind

4.Twatalige Blomlêzing Sjoerd Spanninga, 14-04-2006
Motivearring: stipe posysje Frysk by Ned. lêzers
Risseltaat: moaie útjefte

3.PR Ynternettydskrift Farsk, promoasjemateriaal en opstelwedstriid, 27-10-2003
Motivearring: bydrage oan Fryske ynfrastruktuer
Risseltaat: in papieren ferzje, oare doelen net realisearre, 06-01-2009 € 1500 werom betelle

2.Skriuwwike Fakânsjekamp Skylge Frysktalige Bern, 16-12-2001
Motivearring: doelgroep bern 8-12, wille en ûnderwiis alhiel yn en wijd oan it Frysk
Risseltaat: goed slagge, opnommen yn regulier súbsydzjekanaal Provinsje

1.Webside Fryske Pjutteboartersplakken, 07-11-2001
Motivearring: doelgroep bern, stimulearjen útwreiding Frysk- en twatalige berneopfang
Risseltaat: webside is ynmiddels tersiele