Neilittenskip Tony Feitsma

Yn it kader fan de neilittenskip fan Tony Feitsma binne in oantal saken oppakt troch it Fûns:

De boeken te plak 

alle boeken fan Tony hawwe nei har dea in plakje krigen. In part fan de boeken is nei Tresoar as oare bibliotheken gien.

It argyf fan Tony

It argyf fan Tony is oerbrocht nei Tresoar. Dêr is it ynventarisseare en beskreaun. Sa kin it materiaal brûkte wurde foar ûndersyk.  Doe't it argyfwurk klear wie, is der in mini-sympoasium hâlden.

Bûter yn'e brij (2012, 2015, 2018)

Iens yn de trije jier (alteast sa kaam dat út) is der in middei, wêr't it Feitsmafûns de ferbining leit tusken de stipe projekten en minsken dy't in bân hawwe mei Tony Feitsma of it Feitsmafûns.