stipe projekten

It doel fan de stifting wurdt neistribbe troch út de jildmiddels fan it fûns stipe te jaan oan aktiviteiten dy't bydrage kinne ta:

- it fersterkjen fan de ynfrastrukteur fan it frysk, foarsafier't oare ynstânsjes of organisaasjes dêr net op befredigjende wize yn foarsjogge;
- it ferskinen fan wittenskiplike en literêre publikaasjes yn it Frysk dy't oars net sa maklik in kâns krije;
- it op oare wize befoarderen fan it doel fan de stifting.

 

Foarbylden binne te finen op dizze side ûnder de kopkes aktuele projekten en ea stipe projekten.