stipe oanfreegje

 

1. oanfraach moat fia email as op skrift dien wurde mei it dêr foar bestimde formulier. (sjoch ûnderoan foar downloaden fan it formulier)

2. oanfraach bestiet út

a. namme, tiidpaad en evaluaasjedatum projekt
b. namme oanfreger, adres, tillefoannr, e-post, en giro/bankrekken (op namme fan ...), kontaktpersoan
c. koarte omskriuwing doel projekt, ynklusyf de te ferwachtsjen bydrage oan it brûken fan it Frysk.
d. koarte omskriuwing ynhâld projekt
e. kosten projekt (begrutting taheakje) en hokker bydrage fan it Feitsmafûns frege wurdt
- evt. oare stipers en harren bydrage

 

3. It bestjoer docht binnen twa moanne nei de oanfraach útspraak oft de oanfraach honorearre wurdt. De oanfreger krijt hjir berjocht fan.

4. It jild wurdt oermakke yn twa fasen:

4a. 80 % by it begjin at it bestjoer de oanfraach goedkard hat en de oanfreger alle betingsten ûnderskreaun hat.
4b. 20 % nei ôfrin as oan alle betingsten is foldien.

 

De oanfreger ferplichtet him om:
-de namme fan it Feitsma Fûns wer mooglik te neamen
-in ynhâldlik ferslach te stjoeren, mooglik mei foto’s/filmkes en links foar de webside fan it Fûns
-in finansjele ferantwurding te stjoeren
-yn gefal fan in publikaasje 2 presinsje-eksemplaren oan it Fûns te jaan
-yn gefal fan in foarstelling 2 tagongsbewizen oan it Fûns te jaan
-it jild werom te stoarten c.q. it net (fierder) op te easkjen, as de ôfspraken net of net foldwaande neikommen binne

Kriteria dy't it bestjoer hantearret by it beoardieljen fan in oanfraach fine jo ûnder kritearia.

Jo kinne it formulier hjir delhelje.