Oanrikkemendaasje

It kommittee fan oanrikkemendaasje bestiet út de neikommende persoanen:

  

 

Tsead  Bruinja

Tsead (yn syn paspoart Tjeerd Pieter) is berne yn Rinsumageast. (1974) Hy wurket op it stuit as dichter, presentator, ynterviewer, oersetter, workshopdosint en  performer. Dêrneist is er bestjoerslid by Lira en de Stifting Jo Peters PoëziePrijs.

 
Bruinja: “As jonge woe ik graach Ingelsk skriuwe en dat die ik, mar it wie net earder as doe't ik foar it Frysk keas dat myn wurk echt wearde kriich. It skriuwen yn it Frysk hat my net allinnich artistyk wat jûn mar my ek tichter by mysels brocht.”


 

 Bertus Mulder 

 

Bertus Mulder

Bertus Mulder is berne op 6 maaie 1949. Hy wennet op it stuit yn Feanwâlden. Mulder wie 12 jier deputearre foar (û.o.) kultuer yn Fryslân. Op it stuit is er foarsitter fan de gebietsûntwikkelingskommisje Sintrale As.

 

Bertus Mulder: “Frysk komt in goed plak ta yn in demokratysk Fryslân”

 

 

 Reinier Salverda 

 

Reinier Salverda

Prof. Dr. R. Salverda (Arnhim, 1948) is direkteur-bestjoerder fan de de Fryske Akademy yn Ljouwert. Dêrnjonken is hy honorary professor oan it University College London en redakteur by “Ons Erfdeel”.

Salverda: "De Fryske taal is it musikaal ‘behang’ út myn jonge jierren, dat in waarm plakje yn myn hert hat. Benammen Fryske siswizen en ferskes binne my hiel fertroud.

Tony Feitsma stiet my yn oantinken as in ûngewoane en bysûndere wittenskipster en persoan – yn har tiid as heechlearaar al sa gewoan tusken de meiwurkers en studinten –, as fûl en fernijend, iepen, warber en tige belutsen. Ik haw grutte bewûndering foar har wiidweidich wittenskiplik oeuvre op it mêd fan taalkunde en stavering fan it Frysk. As ik oan har tink, sjit my altyd as earste har fraach yn it sin: ”Sis Salverda, wêrom sitsto net by my op kolleezje?”

 Jabik Veenbaas 

 

Jabik Veenbaas

Veenbaas wennet hjoeddeis yn Castricum, mar is yn 1959 berne te Hilaard. Hy is dwaande as oersetter en skriuwer. Hy publisearre û.o. de ferhalebondel de “de wite ûle”. (2006)   

 

Veenbaas: “It Feitsmafûns set him yn foar de Fryske kultuer troch it finansjeel stimulearjen fan projekten, en leveret sa in lytse mar wichtige bydrage oan it bewarjen fan dy kultuer. “

 

 

 

 Henk Kroes

 

 

Henk Kroes

Kroes is berne yn Terkaple yn 1938. Hjoed wennet er yn Boazum. Kroes makke fansels grutte bekendheid as âld-foarsitter fan de Feriening de Friesche Elf Steden, mar wie ek direkteur fan It Fryske Gea.

Henk Kroes: "Yn de taal dêr’t ik mei opgroeid bin, de taal fan ús mem, fiel ik my thús, leit myn djippe emoasje."

  

 

   
 Arno Brok 

  Arno Brok

Arnoud Adrianus Maria Brok is berne yn Leerdam (1968) Hy is boargemaster fan Dordrecht. Earder wie hy wêthâlder fan Ljouwert en boargemaster fan Snits.

Brok: "Ik haw altyd in soad respekt hân foar prof. Feitsma. It is foar my in grutte eare om lid te wêzen fan it kommittee fan oanrikkemendaasje fan it Feitsmafûns"