Simone Scheffer

Altyd as ik op fakânsje west ha en weromriid oer de Ôfslútdyk makket myn hert altyd in spronkje nei sa'n 11 kilometer. Dan bin ik wer yn Fryslân. No stiet it pompebledsje dêr, mar eartiids, doe't ik noch jong wie stie, it provinsjeboerd lâns de dyk. As bern jûchhaaiden we dan altyd. Dat bern bin ik net mear, mar it spronkje is wol bleaun.
It jout oan hoe bliid at ik bin dat ik yn Fryslân wenje. It flakke lân, de kultuer, de sport en de minsken.en fansels de taal!

Us pake en beppe hawwe ús it Frysk mei de brijleppel yn getten. Sy wiene djipFriezen.
Doe fûn ik it mar oerdreaun, mar letter waard iksels miskien noch wol fanatiker. Ik bin bliid dat ik ús soan Frysktalich en Fryslânleafhawwend grutbrocht ha.
Mar ik dwaal ôf. Want ik woe in oar ferhaal fertelle. Dat fan de wrâld op drift.
De wrâld en de minsken binne op drift troch oarloggen en oare saken. Sy litte it lân achter dêr't se miskien wol likefolle fan hâlde as ik fan Fryslân. Harren famylje, mar ek de taal en kultuur binne se fier fan ôf rekke. En dat lit my just no sa fiele hoe bliid ik wêze mei dat ik hjir yn Fryslân wenje, myn eigen taal, al is it dy fan in minderheid, sprekke, lêze en skriuwe mei. Sels myn wurk yn dy taal dwaan kin.
Dat moatte in hiel soad minsken no misse. It makket my bewuster fan myn eigen achtergrûn en hoe wiis ik dêr mei bin en dat ik dat ek yn frijheid uterje mei. En sterket my yn myn oerstjûging dat oaren dat hjir ek dwaan moatte kinne.

Myn kredo is dan ek: pas ast dyn eigen kultuer en achtergrûn koesterest, kinst dy fan in oar begripe.
Der binne fan dy t-shirts op 'e merk mei de tekst: ik kin der neat oan dwaan dat ik in Fries bin. Ik ha gewoan gelok hawn.   En sa is 't!

Simone Scheffer fyts