Selskipsspul 'Euregua'

It selskipsspul "Euregua" is troch de Ynternasjonale Kontakten Kommisje fan de Ried fan de Fryske Beweging opsetten en útbrocht mei stipe fan û.o. it Feitsma Fûûns fwar it Frysk.

It haaddoel fan it spul is om boartsjenderwize mei de taal dwaande te wêzen en sa it brûken en lêzen fan de oanbelangjende regionale taal - yn ús gefal it Frysk - en de kennis oer Europa en oare minderheidstalen te befoarderjen.

Doelgroepen binne yn it foarste plak de skoalmienskippen foar fuortset ûnderwiis. It spul is gaadlik foar it fak Frysk mar kin ek goed brûkt wurde as didaktysk helpmiddel by fakken as bygl. geografy, biology, skiednis en dit jier benammen yn lessen oer Europa en de EU.

Fansels is it spul ek tige geskikt om mei in selskip of thús spile te wurden.

Euregio is in fraach-en-antwurdspul. It hat yn ús gefal in spylboerd mei Fryslân derop en fiif groepen mei mearkarfragen oer sport, biology, natoer, taal, skiednis en algemien oer Fryslân

In part dêrfan binne yn it Stellingwarfs, Biltsk en Hylpers. Dêrneist binne der twa stel fragen oer Noard Fryslân en Sealterlân. Op it twadde spylboerd stiet Europa mei de flaggen fan alle gebieten mei minderheidstalen en dêrby mearkarfragen oer Europa, taalminderheden en de Europeeske ynstellings.

It spul wurdt spile as by in guozzeboerd. It plak dêr't ien op komt seit út hokker rubryk in kaart lutsen wurde moat. Is it antwurd goed, dan krijt men in pompeblêd of by Europa in stjer.

Mar ien kin ek stjer of pompeblêd ynleverje moatte. De groep of persoan dy't nei in ôfsprutsen tiid de measte hat is de winner By it Fryslân boerd is der oan de ein noch in Alvestêdetocht . Foar fierdere ynformaasje sjoch www.fryskebeweging.nl.

It spul is útrikt oan deputearre Jannewietske de Vries op de skoalmienskip Anna Maria van Schurman en yntusken al op meardere skoalmienskippen yn gebrûk. Opmerkings as "leuk" en "vet cool" jouwe oan dat ek de learlingen der nocht oan ha. Fierder leit it op besjen yn in tal biblioteken. It is te krijen by de Afuk en kin ek besteld wurde by de Ried fan de Fryske Beweging, Keetwaltsje 12, 8921 EV Ljouwert of mei de e-post info@fryskebeweging.nl

De priis is € 32,50