Skipsjonges Bontekoe

Stichting Utjouwerij Regaad hat De skipsjonges fan Bontekoe (origineel 1924) útbrocht yn it Frysk! It boek is te krijen fia de webside fan Regaad.

Johan Fabricius syn berneboek oer de rampreis fan skipper Bontekoe is tige bekend ûnder alle generaasjes. Benammen de âlden en pakes en beppes wolle sa’n boek graach foar har (berns)bern oantúgje, sadat de doelgroep om de Fryske lêsbefoardering sa goed mooglik te tsjinjen – de (wat âldere) jongerein – goed berikt wurde kin; mar it sprekt ek noch altiten de jonge generaasjes tige oan. Men berikt de lêzer, en dan benammen de jongere lêzer, better as it boek kwa uterlik oansprekt. Dêrom is in soad muoite en budzjet yn moaie yllustraasjes en heechweardich drukwurk stutsen.

Stichting Utjouwerij Regaad, oprjochte yn 2013, hat as statutêr doel de Fryske lêsbefoardering, soks sûnder kommersjeel doel. Dêrta bringt se yllustrearre Fryske oersettings út, fan ynternasjonaal bekende titels. Boppedat docht Regaad in soad war om net allinne de eigen, mar ek oare Fryske boeken oan de man te bringen, û.o. troch de wei fan oansprekkende literêre tours en manifestaasjes, spesjaal rjochte op in jonger publyk. De Skipsjonges fan Bontekoe tsjinnet dat doel fan Fryske lêsbefoardering, benammen ûnder de leeftydskategory dêr’t de grutste ûntlêzing plakfynt: 10-18 jier.

It boek wurdt ek spesifyk yntrodusearje by Fryske skoallen, troch de wei fan in histoarysk-literêre toer dy’t mei it VOC-ferline fan Fryslân te krijen hat.

 

bontekoe


De boekpresintaasje wie 28 maart op it moaie Theaterskip Bald’r, dat sawol in lyts kafee as in teatersealtsje hat – krekt gaadlik foar dit doel! Sa is dit boek op feestlike én artistyk ferantwurde wize fan ’e helling rûn. Oan de manifestaasje wurken fierder mei: skriuwer Arjan Hut, ferhaleverteller Aant-Jelle Soepboer. Der wie muzyk fan Ljoubjr. It earste eksimplaar is oerlange oan skipper Bontekoe by dizze tige slagge boekpresintaasje.