stypje ús

It kin fansels sa wêze dat jo it Frysk de muoite wurdich fine en sels gjin ideeën ha om wat te ûndernimmen, mar al op 'e siik binne nei in oare mooglikheid om in bydrage te leverjen. Dan soene wy tige wiis wêze mei in donaasje oan it fûns.

It jild komt goed te plak troch de ANBI-status fan it Feitsma Fûns. Foardielen fan de ANBI-status binne dat:
- it fûns gjin skinkings- en suksesjerjochten betellet oer skinkings en erfskippen
- de ûntfangers fan stipe fan it fûns frijsteld binne foar it skinkingsrjocht
- donateurs harren jefte oan it Fûns oflûke kinne neffens de regels fan ynkomste- of vennoatskipbelesting

Under it kopje 'donaasje' steane de mooglikheden om ús te stypjen