Sympoasium

‘Fryslân en de wrâld 2.0’ sympoasium yn tarieding

Op 28 maart wurdt it fyfde Sirkwy Sympoasium holden, mei as tema 'Fryslân en de wrâld 2.0'. Der komt wer in tiid mei nije kulturele ympulsen, al of net losmakke troch de ferkiezing fan Ljouwert ta kulturele haadstêd.

Hûndert jier lyn wie der ek sprake fan in kulturele oplibbing. Yn it biedwurd ‘Fryslân en de wrâld’ leinen doe allerhande idealen besletten dy’t de jonge generaasje fan 1915 neistribbe. It Frysk moast de algemiene kultuertaal yn Fryslân wurde, Fryske literatuer in selsstannige literatuer, it folk moast kultureel ferheft wurde en de wrâldliteratuer oerbrocht yn it Frysk. Doe wie it de Jongfryske Beweging, ûnder lieding fan de achttjinjierrige Douwe Kalma. No stekt in nije generaasje fan jonge Friezen mei kulturele ambysje de digi-talige koppen byinoar.

Foar de organisaasje fan it Sirkwy Sympoasium is dy kulturele fernijing in nijsgjirrich tema om in tal lêzingen oer te organisearjen. Ditkear hawwe fjouwer skriuwers opdracht krigen om in stik te skriuwen oer de rol fan it Frysk yn tiden fan maatskiplike feroarings en ûnwisse ynternasjonale ynfloeden. Dêrby sil fansels ek foarútsjoen wurde nei KH2018.

Alle fjouwer essees wurde op ien sneontemiddei presintearre troch de skriuwers sels. Fan de folsleine teksten komt boppedat in bondel út. Oan de ein fan de middei is der in diskusje mei gelegenheid ta neier ûnderling petear.

It literêr sympoasium ‘Fryslân en de Wrâld 2.0 – Jonge Friezen mei kulturele ambysje’ wurdt holden yn Ljouwert. It is in inisjatyf fan Bersa Tekstwurk, Skanomodu, Taalburo Popkema, Tresoar en Try Tekstwerk. Ferline jier organisearren sy it sympoasium ‘Alde Meuk?’, oer de wearde en betsjutting fan klassikers yn de (Fryske) literatuer.   


Datum: sneon 28 maart 2015, fan 14:00 oant 17:00 oere.
Plak: De Koperen Tuin (Prinsetún) yn Ljouwert.
Tagong: € 15,00 ynklusyf konsumpsjes, studinten heal jild.

Foar aktuele ynformaasje: https://www.facebook.com/SirkwySympoasium