Tony Feitsma

foto Tony Feitsma

foto Tony Feitsma

 

 Tony Feitsma, de oprjochtster fan de Stifting Fûns Fwar it Frysk, is berne as Anthonia Feitsma op 18 jannewaris 1928 op in boerepleats yn Brantgum en stoarn op 9 augustus 2009, te Ljouwert. 

Nei har jonge jierren op in pleats yn 'e Wieringemar, en jierren yn Amsterdam, wenne se yn Grou. Se die it Gymnasium en studearre Frysk, Deensk en Frânsk oan de UvA. Nei in jier as fiif as learares Frânsk yn Harns waard se wer wittenskiplik meiwurker oan it Frysk Ynstitút te Grins en letter, nei in periode as haadmeiwurkster, bûtengewoan heechlearaar oan de VU yn Amsterdam. Dat wie nei har cum laude promoasje oer it midfrysk fan Gysbert Japix. Se hie it gebiet fan de Nij- en Middel-Fryske taal- en letterkunde op har noed, wylst de Germanist Meijering it Aldfrysk, Goatysk en Aldsaksysk die.

Tony Feitsma hat har hiele libben aktyf west op it mêd fan it Frysk. Se hat in protte wittenskiplike publikaasjes op har namme, yn it foarste plak taalkundich, mar se hat ek skreaun oer Frysk ûnderwiis, de sosjale skiednis fan it Frysk, oer de Frysistyk esf. En har grutte belutsenens by de ûntjouwing fan it Frysk hjoed de dei wie gauris de oantrún ta in ynstjoerd stik yn de krante. In lang artikel yn de LC fan 28 maaie 1993 der't hja Professor Gerben de Haan derop wiist dat hy de sosjale posysje fan it Frysk te min achtsloech, eindiget sa: ‘Faaks soe it goed wêze om de minsken yn Fryslân, wêr't dat noch nedich is, de ideology fan it libjen en libje litten by te bringen en foar te libjen. Dan soene ek de rjochten fan it Frysk fanselssprekkende en algemien akseptearre rjochten wurde, dy't net by de helsdoarren weiskuord wurde hoege.' En de slútsin fan in opinystik fan har hân fan 12 septimber 1990 seit: ‘Foardat de oerheid de Friezen sleauwens mei har taal ferwyt, sil er him earst ôffreegje moatte oft er wol in solide ynfrastruktuer opboud hat.'Dy belutsenens en ynset giet ek op foar de Fryske stavering. Tony Feitsma skriuwt Frysk gauris neffens har eigen staveringsideeën en net neffens de yn har eagen ûnsystematyske offisjele Fryske stavering.

Ek op kultureel en polityk mêd hat Tony Feitsma har ynset. Sa hat se yn it bestjoer fan de Koperative Utjouwerij sitten en se hat yn de begjinjierren foarsitter fan de Frysk Nasjonale Partij west, om mar inkelde foarbylden te neamen.