Tsjinstboek YFKE

Tsjinstboek – in oanset

De Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) hat in twadielich hânboek foar alderhanne fieringen, it DIENSTBOEK – een proeve. Beide dielen binne ek yn it Frysk beskikber. Nei TSJINSTBOEK diel I (Skrift – Miel – Gebed), dat yn 2005 útkommen is, hat de Yntertsjerklike Kommisje foar de Fryske Earetsjinst (YKFE) yn oparbeidzjen mei de Werkgroep Eredienst fan it lanlik tsjinstesintrum fan de PKN en de útjouwer, war dien om diel II ek oer te setten.


Dat kerwei is útfierd troch Jelle Bangma, Dick Eisma, Reinder Reitsma, Alex Riemersma, Adri Terlouw, Ulbe Tjallingiï, Japke Wiersema en Anna van der Woude ûnder foarsitterskip fan Tytsje Hibma en ûnder redaksje fan Jan Breimer. It giet om in boek 1020 siden.

Diel I jout stof en ynformaasje foar de ‘gewoane’ earetsjinst en it deistich gebed.
Diel II jout dy foar ‘oare gelegenheden’. Wat dêrûnder ferstien wurdt, is ôf te lêzen oan de nammen fan de acht grutte haadstikken:
-    Doop en Belidenis
-    Miel fan de Hear
-    Befêstiging fan amtsdragers
-    Ynlieding yn in betsjinning
-    Betsjinning fan de fermoedsoening
-    Seinigingen
-    Leafde en trou
-    Utfeart en rou

Alle haadstikken en soms ûnderdielen dêrfan jouwe in ynlieding en in taljoch¬ting en dêrnei in grut ferskaat oan materiaal, lykas oarders en karteksten. Se slute ôf mei listen fan gaadlike lieten. In tal fan dy lieten waard foar dizze gelegenheid oerset troch Lyske Boersma, Atze Bosch, Jacobus Knol, Bernard Smilde en Cor Waringa ûnder redaksje fan Jan Breimer, Bob Pruiksma en Cor Waringa.

De oersettings binne beoardiele en fan kommentaar foarsjoen troch in lês- en advyskommisje, ynsteld troch it lanlik tsjinstesintrum fan de PKN en de YKFE. Dy kommisje waard foarme troch Bert van Binsbergen, Hans Kronenburg, Louis Harm Oosten, Minke van der Ploeg-Posthumus, Eward Postma en Jant van der Weg-Laverman.

De opmaak is troch Daam de Vries fersoarge. It boek is útjûn troch Boekencentrum BV te Zoetermeer, de útjouwer dy’t ek de Nederlânsktalige edysje útjûn hat.
De feestlike presintaasje waard op 9 oktober yn de Grutte Tsjerke te Ljouwert holden.

It hiele projekt hie net slagje kinnen as de YKFE, njonken de stipe fan in grut tal tsjerklike gemeenten, net de finansjele krigen hie fan in tal fûnsen. It Feitsmafûns hat de útjefte fan diel II mei mooglik makke.

YKFE
dr. Cor Waringa, foarsitter
ds. Paul Hekstra, skriuwer

www.ykfe.tk


TSJINSTBOEK – in oanset diel I: ISBN 978 90 239 1896 7, diel II 978 90 239 2437 1.
Beide dielen binne te krijen by de ponghâlder fan de YKFE, W. Rozendal te Damwâld, e-post:  wesselrozendal@hotmail.com. Diel I tsjin ferstjoeringskosten, diel II € 20,00 + ferstjoeringskosten.